Pûn sterling: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw de kategory feroare ta Feriene Keninkryk.
L st; fl
Rigel 1:
[[Ofbyld:Pound Sign.svg|thumb|Falutateken fan deit pûn sterling]]
It '''pûn sterling''' (ek: '''Britske pûn''', of koartwei '''pûn''') is de muntienheid fan it [[Feriene Keninkryk]]. Hoewol't [[Skotlân]] en [[Noard-Ierlân]] eigen biljetten brûke, útjûn troch kommersjele banken, kin men dêr salang't der ''pound sterling'' op stiet yn teory yn heul it Friene Keninkryk mei betelje. De offisjele ISO-koade is GBP en it [[falutateken]] is '''£'''. Yn dat symboal is de letter L te herkennen, de earste letter fan it [[Latyn]]ske wurd ''libra'', dat pûn betsjut.
 
Rigel 9:
De Sterling waard yn 1158 troch [[Hindrik II fan Ingelân]] yntrodusearre. It wurd komt fan it âld Frânske wurd ''esterlin'' en betsjut 'sterk' of 'stânfêst'. (Guon boarnen beweare dat it wurd ôfkomstich is fan pound oesterling : in munt út Eastenryk/Dútslân). It wie de namme fan in sulveren penny fan 1/240 pûn. De wearde fan de penny fan doe is nei keapkrêft fergelykber mei dy fan ien pûn no.
 
As munt fan ien fan de machtigste (hannels)lannen fan de wrâld, it [[BritseBritske Ryk]], gou it pûn sterling yn de [[18e iuw|achttjinde]] en [[19e iuw|njoggentjinde iuw]] as kaaifaluta yn de wrâld, oant rûchwei de ein fan de [[Earste Wrâldoarloch]]. De [[Amerikaanse dollar]] hat s&unt ûngefear ein [[Twadde Wrâldoarloch]] dizze posysje oernomd; sûnt 1999 konkurrearret de [[euro (muntienheid)|euro]] mei de dollar om dizze posysje.
 
== Oant 1971 ==
Oant de oergong nei it [[desimale stelsel]] yn 1971 waard it pûn ûnderferdield yn 20 [[britseBritske shilling|shillings]] en in shilling yn 12 [[pence]]. Prizen waarden werjûn as L/s/d (''librae, solidi, denarii:'' safolle pûn, safolle shilling ensafolle pence), wat it omrekkenjen foar toeristen tige yngewikkeld makke. In bedrach ûnder in pûn, bygelyks 3/6, waard útsprutsen as 'three and six'.
 
De "s" fan shilling stie yn prinsipe net foar it wurd sels, mar foar it Latynske "[[solidus (munt)|solidus]]". It symboal foar de penny wie oant de oergong in "d", fan it Lantynske [[denarius]].