Fiktoaria fan it Feriene Keninkryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 3:
'''Fiktoaria fan Hannover''' (folút yn it [[Ingelsk]]: '''Alexandrina Victoria of Hannover''' ([[Kensington Palace]], [[Londen]], [[24 maaie]] [[1819]] – Osborne House, [[Wight|Isle of Wight]], [[22 jannewaris]] [[1901]]) wie keninginne fan it [[Feriene Keninkryk]] fan Grut-Brittanje en Ierlân fan [[1837]] - 1901 en keizerinne fan [[Britsk-Ynje|Ynje]] fan [[1877]] - 1901.
 
Keninginne Fiktoaria is, mei 63 jier en sân moannen, de langst regearjende BritseBritske monarch út de skiednis. De perioade stiet én yn it Feriene Keninkryk én yn de wrâld better bekend as it [[Fiktoriaanske Tiid|Fiktoriaanske Tiidrek]], ''the Victorian era''.
Hoewol't Fiktoaria op de troan kaam op in momint dat it Feriene Keninkryk al in konstitúsjonele monargy wie, dêr't de kening of keninginne net folle politike foegen hiene en harren ynfloed útoefenen middels de minister-presidint, groeide Fiktoaria út ta in tige wichtich symboalysk figuer fan har tiid. Yn it Fiktoriaanske Tiidrek kaam de [[Yndustriële Revolúsje]] op in hichtepunt. It wie ek in perioade fan grutte sosjale, ekonomyske en technologyske foarútgong binnen it Feriene Keninkryk. Yn Fiktoaria har regearperiode kaam der in grutte útwreiding fan it [[Britske Ryk]]; yn dizze perioade berikte it syn hichtepunt, ûnder har regearing wie it Britske Ryk it grutste ryk út de skiednis. Se regearde oer gebieten yn alle wrâlddielen.