Fleantúch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
L st
Rigel 10:
Utfiners wienen oan de ein fan de [[19e iuw]] dwaande mei it útfinen fan in ferfiermiddel dêr't motorisearre mei flein wurde koe. De [[loftballon]] wie al yn [[1783]] útfûn, it sweeffleantúch waard foar it earst súksesfol testen troch [[Otto Lilienthal]] yn [[1891]]. Yn [[1903]] wisten de Amerikaanske [[Bruorren Wright]] as earste minsken mei harren sels boude en motorisearre fleantúch, [[Wright Flyer|"The Flyer"]], in kontrolearre flecht te meitsjen. Yn Nederlân fleach it earste fleantúch op [[27 juny]] [[1909]], bestjoerd troch [[Charles de Lambert]]. Yn 1910 makke de Frânsman [[Henri Fabre]] mei de ûntwikkeling fan de it earste [[wetterfleantúch]] it mooglik gruttere fleantugen te meitsjen omdat se net ôfhinklik wienen fan de lingte fan in fleanfjild. Twa jier letter kaam [[Curtiss]] mei de earste [[Wetterfleantúch|fleanboat]]. Yn datselde jier waard ek it earste eksperimint dien mei opstigen fan in skip ôf troch [[Eugene Burton Ely|Eugene Ely]].
 
Hoewol't der eksperimintearre waard mei it ferfier fan post en passazjiers, soe it fleantúch foarearst noch as sport- en stuntapparaat brûkt wurde. Sûnt [[1911]] begûnen de Jeropeeske legers har te ynteressearjen foar it fleantúch mei it each op in kommende oarloch, dy't útrinne soe yn de [[Earste Wrâldoarloch]], al konsintrearren de Dútsers har noch in skoft op de [[Seppelin (loftskip)|Seppelin]]. De Earste Wrâldoarloch wurke yn Europa as in katalysator op de ûntwikkeling fan it militêre fleantúch. Der waard begûn om fleantugen yn te setten as [[Militêre ferkenning|ferkenner]]. Doe't de fijannen dêrnei mei elkoar yn konflikt kamen yn de loft, kaam it [[jachtfleantúch]] yn byld. Dat krige [[mitrailleur]]s op de motorkape. Troch [[Sikorsky Aircraft Corporation|Sikorsky]] syn eksperiminten mei fjouwermotorige fleantugen waarden grutte [[bommesmiter]]s mooglik. De BritseBritske marine gie fierder mei it opstigen en lânjnen fan skippen ôf, wat resultearre yn de earste [[Torpedo (wapen)|torpedobommesmiters]].
 
Nei de [[Earste Wrâldoarloch]] kamen in soad fleanders en fleantugen sûnder wurk te sitten. Bommesmiters waarden omboud ta de earste folweardige passazjiersfleantugen om de moeilike neioarlochske jierren troch te kommen. Wylst de passazjiersfleantugen geandewei better waarden, stienen de ûntwikkelingen yn de militêre takke sa goed as stil. Allinnich de loftraces joegen fleantúchbouwers de mooglikheid om nije techniken út te probearen. Ut dy loftracers ûntstie dan ek de earste nije generaasje jachtfleantugen wêrmei't de [[Twadde Wrâldoarloch]] yngien waard. Ek dy oarloch wurke as in katalysator op de ûntwikkeling.<br>