Haadtsjerke fan de Russyske Striidkrêften: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 31:
| webside = [https://hram.mil.ru/ Side katedraal]
}}
De '''Haadtsjerke fan de Russyske Striidkrêften''' is in oan de [[opstanning]] fan [[Jezus (tradisjoneel-kristlik)|Kristus]] wijd tsjerkegebou ([[Russysk]]: Главный храм Вооружённых сил России (Храм Воскресения Христова)). De tsjerke stiet yn it rekreaasjepark Patriot westlik fan [[Ruslân]]'s haadstêd [[Moskou]] yn de oblast Moskou. De tsjerkeen waard boud yn it ramt fan it 75-jierrich jubileum fan de Russyske oerwinning fan de "[[Twadde Wrâldkriich|Grutte Patroityske Kriich]]". en deDe wijing foarme diel fan de festiviteiten fan dat jubileum.
 
== Lokaasje ==
De tsjerke stiet yn it noardlik diel fan it rekreaasjepark Patriot yn de russyske stêd [[Kûbinka]], likernôch 60 kilometrkilometer westlik fan [[Moskou]].
 
== Skiednis ==
Rigel 40:
De plannen foar de bou fan de haadtsjerke foar de striidkrêften fan Ruslân waarden yn 2018 ôfkundige. It ynisjatyf gyng werom op de minister fan definsje, Sergej Sjojgû, dy't tegearre mei [[Vladimir Pûtin]] yn 2018 ek de earste stien lei.<ref>[https://www.spiegel.de/politik/ausland/zweiter-weltkrieg-75-jahre-kriegsende-wladimir-putin-josef-stalin-und-die-gottesmutter-a-3a432b9a-8f04-4f72-b7e9-7b41ee9a98ee Spiegel, 09.05.2020]</ref>
 
De tsjerke waard boud mei help fan jeften fan û.o. de russyske regisseur [[Nikita Michalkov]] en de sportman [[Vjatsjeslav Fetissov]], mar ek de Steat en wapenbedriuwen soene yn de bou ynvestearre ha. Meiïnoar hat de bou fan deit katedraaltsjerkegebou sa'n seis miljard [[rûbel]] (likernôch 75 miljoen euro) koste.
 
De iepening fan de katedraal soe op 9 maaie 2020 plakfine, op de dei dat it 75 jier lyn wie dat de [[Twadde Wrâldkriich]] yn Ruslân einige. Fanwegen de COVID-19-[[pandemy]] waard de iepening ferskood nei 14 juny 2020. By de ynwijing wiene de minister fan definsje Sergej Sjojgû en patriarch [[Kirill fan Moskou|Kyrill]] oanwêzich.
Rigel 50:
De ôfmjittings fan de boudielen ferwize somtiden nei histoaryske gegevens. De haadkoepel hat in trochsnit fan 19,45 meter, it jiertal dat de Twadde Wrâldkriich einige. De Dútsk-Sovjetyske kriich duorre 1418 dagen en ien fan de koepels is 14,18 meter heech. De klokketoer waard net heger dan 75 meter om't de tsjerke yn it ramt fan it 75-jierrich jubileum boud waard. De muorren krigen legergriene kleuren en it glês-yn-lead yn it ferwulft is fersierd mei militêre oardes. Yn de trêden fan de haadyngong binne wapens fan de Dútske [[Wehrmacht]] ynboud, dy't it Reade Leger op de Dútsers bút makke hat. De fan metaal makke twadielige tagongsdoar wurdt fersierd mei de ryksearn. Yn de earn stekt in swurd, dat tagelyk as de greep fan de doar tsjinnet.<ref>[https://www.sueddeutsche.de/politik/russland-universum-der-symbole-1.4900691 Süddeutsche Zeitung, 07.05.2020]</ref>
 
Yn de tsjerke binne in mozaïeken oanbrocht fan û.o. hilligen, russyske politisifoarmannen en militêre oantinkens.<ref>[https://www.n-tv.de/panorama/Putin-Mosaik-ziert-neue-Militaerkirche-article21749160.html n-tv, 30.04.2020]</ref>
It gebou jout plak oan 6.000 minsken en hat in totaal oerflak fan 10.950 m².<ref>[https://www.bbc.com/news/blogs-news-from-elsewhere-45471739 BBC News, 11.09.2018]</ref>
Rigel 57:
{{reflist}}
----
{{Commonscat|Main temple of the Russian Armed Forces|Haadtsjerke fan de Russyske Striidkrêften}}
}}