Hindrik IV, Diel 1: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
L st
Rigel 31:
Kening [[Hindrik IV fan Ingelân|Hindrik IV]] is op 'e troan kommen troch syn neef [[Richard II fan Ingelân|Richard II]] ôf te setten en yn finzenskip út 'e wei te romjen. Hy soe graach in [[krústocht]] nei it [[Hillige Lân]] ûndernimme, mar syn wiffe gryp op it regear oer Ingelân lit dat net ta. Hy rekket, fierhinne troch eigen tadwaan, almar mear yn ûnmin mei de Noardingelske Percy-famylje, dy't him op 'e troan holpen hat. Underwilens docht syn âldste soan en erfgenamt, kroanprins Hindrik (de lettere [[Hindrik V fan Ingelân|Hindrik V]]), byneamd "Hal", mar raak, mei syn maten en de fette, âlde korrupte [[ridder]] sir John Falstaff te drinken, hoerearjen en gekjeien yn 'e kroegen fan [[Londen]].
 
As it stik iepenet hat koartby de [[Slach by Humbleton Hill]] plakfûn, wêrby't [[Hindrik Percy (Hjitspoar)|Hindrik Percy]], byneamd Hjitspoar, in [[Skotlân|SkotseSkotske]] ynfal ûnder lieding fan 'e [[Archibald Douglas, fjirde greve fan Douglas|Douglas]] ôfslein hat. De kening en Hjitspoar hawwe rûzje oer de ferdieling fan 'e bút, en har moeting einiget mei drigeminten en misledigings fan 'e kening oan it adres fan 'e Percy's. Hjitspoar, syn heit [[Hindrik Percy, 1ste greve fan Northumberland|Hindrik Percy]], de greve fan [[Noardumberlân]], syn omke [[Tomas Percy, 1ste greve fan Worcester|Tomas Percy]], de greve fan [[Worcester]] en syn sweager, [[Edmund Mortimer (soan fan de tredde greve)|Edmund Mortimer]], greve fan 'e Mark, dy't koartsein fine dat se fan 'e kening stank foar tank krije, mûskopje ûntefreden ûnderinoar en begjinne om bûnsgenoaten te sykjen, dy't se fine yn 'e Douglas, de [[Wales|Welske]] ealman [[Owain Glyndŵr|Owen Glendower]] en [[Richard le Scrope]], de aartsbiskop fan [[York]].
[[File:Robert Smirke Henry IV part 1 act II scene 4.jpg|thumb|left|300px|Hal konfrontearret Falstaff mei dy syn leagens (in print nei in [[skilderij]] troch [[Robert Smirke]].]]