Lânskippen fan Sweden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L st
 
Rigel 2:
De '''lânskippen fan [[Sweden]]''' ([[Sweedsk]]: ''Sveriges landskap'') binne histoaryske regio's dy't lykwols gjin bestjoerlike funksje hawwe, mar wol wichtich binne op it mêd fan bygelyks [[kultuer]] en [[folkloare]], [[streektaal]], [[toerisme]] en [[geografy]]. Yn neislachwurken wurde oer it algemien sawol de provinsje dêr't in plak ta heart as it lânskip dêr't it plak yn leit neamd.
 
De SweedseSweedske lânskippen moatte net troch elkoar helle wurde mei de [[Län|Sweedske provinsjes]] (Sweedsk: ''län''), dy't in modernere, suver bestjoerlike yndieling foarmje. De nammen fan dy provinsjes einigje altyd (útsein it lânskip ''Bohuslän'') op ''län'' (losskreaun en sûnder haadletter), ek yn it deistich taalgebrûk. De measte provinsjes binne nei lânskippen ferneamd. Sa is de provinsje Skåne län nei it lânskip Skåne neamd, mar de provinsje dêr't it lânskip Närke it súdlik part fan foarmet, hjit [[Örebro län]], nei de stêd [[Örebro]].
 
De bestjoerlike funksje fan de lânskippen is hielendal oernaam troch de provinsjes. Sy hawwe gjin offisjele haadstêd en gjin bestjoersorgaan. Jongere leden fan it keningshûs krije tradisjoneel de titel hartoch fan ien as mear lânskippen, sa as kroanprinsesse Viktoria, dy't hartoginne fan [[Västergötland]] is. De lânskippen hawwe dêrnjonken symboalen fan kulturele, skiedkundige as folkloarystyske aard. Dat kin in flagge (soms), in typyske lânskipsblom, klaaiïng of sokssawat wêze.