Grinslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bewurkings fan "93.95.146.108" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "RomkeHoekstra".
Lebel: Weromdraaiïng
L st, Frysk: 'Drints(e)' -> 'Drintsk(e)'
Rigel 81:
Lykwols wiisd de oanwêzigens fan in [[hunebed]] by [[Noardlaren]] derop dat de bewenningsskiednis weromgiet oant de [[stientiid]]. De fynst fan in hunebed by [[Delfsyl]] is in oanwizing dat dy bewenning him net allinnich beheinde oant it grinsgebiet mei [[Drinte]]. Neffens guons is de oanwêzigens fan dat hunebed in bewiis foar de teory dat de hunebedbouwers fan see ôf it lân yn lutsen.
 
De âldst bekende fermelding fan de stêd Grins datearret út [[1040]]. De stêd wie op dat stuit yn besit fan de [[biskop]] fan [[Sticht Utert|Utert]]. Oannommen wurdt dat de stêd fan oarsprong in DrintsDrintsk doarp wie. De stêd waard ek troch [[Friezen]] bewenne en hie ynearsten wat konkurrinsje fan [[Appingedam]], mar neidat de stêd deryn slagge wie om it [[stapelrjocht]] te krijen wie de dominante posysje festige. De ynfloed fan de stêd wreide him stadich út en berikte de toppunt fan macht op de ein fan de 15e iuw, doe't har ynfloed oant fier yn de tsjintwurdige provinsje Fryslân rikte.
 
Nei ferrin fan tiid naam de hiele provinsje de taal oer dy't yn de stêd praten waard, mar holde wol in oantal Fryske wurden en siswizen. Yn guon dielen fan de provinsje, benammen it [[Aldambt]] en [[Westerwolde]] wie de stêd ek formeel de baas. Yn de tiid fan de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen|Republyk]] wie de gongbarte oantsjutting foar Grins [[Stêd en Lande]]. De folchoarde wie gjin tafal.