Kamp Westerbork: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 7:
Oan de foarjûn fan de [[Twadde Wrâldkriich]] flechten mear en mear [[Dútslân|Dútske]] joaden foar de naziterreur de grins mei Nederlân oer. It doetiidske Nederlânske regear woe skeel mei Dútslân foarkomme en sleat op [[15 desimber]] [[1938]] de grins (inkelde wiken nei de [[Kristallnacht]]), en bestimpele de flechtlingen as net winslike frjemdlingen. Sy moasten yn ien grut [[flechtling]]ekamp ûnderbrocht wurde. Yn febrewaris [[1939]] besleat it regear ta de bou.
 
Earst soe it kamp by [[Elspeet]] boud wurde, mar [[Wilhelmina fan de Nederlannen|Keningin Wilhelmina]] fûn de lizzing op tolve kilometer fan paleis [[Paleis It Loo|It Loo]] te tichteby en ek de [[ANWB]] wie tsjin de lokaasje, want de fakânsjeminsken moasten de hiele [[Feluwe]] ta harren foldwaan hawwe kinne. Dêrom waard úteinlik keazen foar it Amerveld op de [[Drinte|DrintseDrintske]] heide ûnder [[Hooghalen]], tsien kilometer benoarden it doarp [[Westerbork (doarp)|Westerbork]]. Yn augustus [[1939]] waarden de earste barakken dêr boud troch arbeiders yn de [[wurkferskaffing]]. De offisjele namme waard ''Centraal Vluchtelingenkamp Westerbork''.
 
Op [[9 oktober]] kamen de earste 22 bewenners. Se wienen fan in groep fan dik 900 Dútske joaden dy't om'e nocht besocht hienen om mei it Dútske skip ''St Louis'' fan [[Hamboarch]] nei [[Kuba]] te ûntkommen.