Muiden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 31:
[[Ofbyld:Muiden Mûzefort 86.JPG|thumb|right|300px|''Mûzefort'']]
[[Ofbyld:Muiden festing 85.JPG|thumb|right|300px|''kazerne'']]
De earste ferdigeningswurken fan Muiden datearje út de earste helte fan de 15e iuw. Yn [[1590]] waarden de muorren ferfongen troch ierden wâlen mei [[bastion]]s nei ûntwerp fan [[Adriaen Anthonisz]]. Ek it [[Muiderslot]] krige in eigen omwâling wêrby't de [[foarburcht]] fan it Muiderslot wegens romtegebrek sloopt wurde moast. As reaksje op de ûntwikkelingen op it gebiet fan oarlochsfiering, waard nei de [[FrânsFrânsk-Dútske oarloch]] ([[1870]]-[[1871]]) de festing wer modernisearre. It trasee fan de festingwâl waard feroare en der waarden in oantal bakstiennen, bomfrije, ûnderkommens setten. Markante foarbylden hjirfan binne de [[kazerne]] oan it Festingplein, it [[Mûzefort]] (neamd nei mûsgrize soldateunifoarmen) - in yn in [[ravelijn]] ynboude capponière [[kazemat]] - en de holle bear.
 
De bear is in daam yn de festinggrêft dy't it sâlte Suderseewetter fan it swiete wetter yn de grêft skiede moat. Sokke bouwurken komme mear foar by festingstêden, mar dizze is unyk omdat dizze bear in gong mei sjitgatten hat fan wêrút in inundaasjeslûs iepensetten wurde koe. Foar it Muiderslot oer, oan de oare kant fan de Fecht, stiet de Westbatterij. Dizze fortifikaasje is fan 1868 en bestiet út in lyts toerfort mei dêrfoar in batterij yn it dyklichem.