Ferskil tusken ferzjes fan "Anne Koopmans"

L
st
(kt)
L (st)
 
 
==Libben==
Syn heit wie bakker. Nei de [[MULO]] gyng er nei de Rykskweekskoalle yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], hy krige dêr les fan minsken dy’t letter namme meitsje soene as Frysk dichter of cartoonist lykas [[Jan J. Bijlsma]], [[Reinder Rienk van der Leest]] en [[Cor Hoekstra]] (Cork). Earst stie er twa jier oan in skoalle yn it Twentske Rijssen. Echt goed foldie it him dêr net, nei twa jier wie er werom yn Fryslân en kaam er ek werom yn de skoallebanken; op syn 24ste folge er noch de lêste twa klassen fan de [[HBS]] oan it Saailân yn Ljouwert. Dêrnei waard er learaar FrânsFrânsk, wiskunde en tekenjen oan de mafû op [[De Gordyk]]. In pear jier letter krige er in beneaming yn it Gelderske Brummen, mar wist al ridlik gau dat syn takomst yn Fryslân lei. Sûnt 1965 fertsjinne er as learaar de kost yn Drachten. Om’t it mei syn sûnens net goed gie, moast Koopmans yn 1988 syn baan yn it ûnderwiis opjaan.
Yn [[1987]] joech Anne Koopmans him op foar in skriuwkursus by it [[FLMD]] (Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum). Oant dan ta hie er kwalik wat skreaun, mar hy blykte talint te hawwen en op oanrieden fan syn dosint [[Bouke Oldenhof]] stjoerde er in ferhaal yn foar de Rely Jorritsma-priisfraach. Yn 1992 krige er in [[Rely Jorritsmapriis]] foar it ferhaal ''Sipke syn lêste reis'' en yn 1993 wûn er deselde priis foar syn fers ''Dimpte haven'' en waard syn ferhaal ‘Apparaten’ datselde jier bekroand mei in priis yn de [[dialekt]]ewedstriid fan de Nederlandse dialektendag yn ’s Hertogenbosch.
11.721

bewurkings