Barthold Douma fan Burmania: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L st
Rigel 5:
Van Burmania hie each foar humanitêre saken en wie foaral in trou freon fan de [[Joaden]]. Doe't [[Maria Theresa fan Eastenryk (1717-1780)|Maria Theresa]] yn de jierren 1740 de ferbanning fan de Joaden út [[Praach]] (moast foar de ein fan jannewaris 1745 dien wêze) en hiel [[Bohemen]] (foar de ein fan juny 1745) hjitte, brûkte Burmania op fersyk fan de joadske mienskip fan [[Amsterdam]], [[Rotterdam]] en [[De Haach]], al syn ynfloed oan it hof om it edikt yn te lûken. Hy waard stipe troch de Ingelske minister, [[Thomas Robinson, 1e Baron Grantham|Sir Thomas Robinson]]. It resultaat fan syn krewearjen wie dat it útsteld waard oant de lêste dei fan febrewaris 1745.
 
Op'en nij dienen doe de joadske mienskippen út Nederlân in berop op Burmania, dy't wer pleite by de EastenrykseEastenrykske ''Reichskanzler'' (Kanselier), ûnder oaren mei it argumint dat "machthawwers, mear as oaren, ferantwurdlik foar God en minsken oer binne foar harren dieden." Dit smiet in ekstra moanne útstel op, mar op 31 maart 1745 waarden de Praachske joaden útset. Doe rjochte Burmania syn enerzjy op it foarkommen fan de ferballing út Bohemen; hy waard dêrby stipe troch de ambassadeurs fan Ingelân, Polen en Turkije.
 
Lykwols kaam der op 8 april 1745 in keninklik edikt dat ek alle joaden út [[Moraavje]] meikoarten emigrearje moasten. Burmania pleite ek wer foar harren mei fan gefolgen dat it edikt oanpast waard, de joaden mochten foarearst yn Bohemen en Moraavje bliuwe. Fierders sette Burmania him yn om it edikt fan 25 juny 1746, dat joaden ferbea yn in striel fan twa reisoeren fan Praach te wêzen, ynlutsen te krijen; dit slagge him lykwols net. Lang om let (14 july 1748) waard it edikt fan 18 desimber 1744 dochs troch Maria Theresa ynlutsen, "út reden fan druk troch bûtenlânske ambassadeurs," en waard it de joaden tastien om werom nei Praach te gean.