Frâns Joazeflân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 32:
== Skiednis ==
It seegebiet om Frâns Joazeflân hinne waard yn de [[17e iuw]] troch robbejagers en walkisjagers ûntdekt. Oanwizings dêrfoar foarmje de dokuminten fan de Nederlânske seefarder [[Cornelis Roule]] út [[1675]]. Yn [[1868]] met de Noar [[Nils Fredrik Rönnebeck]] in oantal eilannen en easke it lân foar [[Noarwegen]] op. Hy neamde it ''Rönnebecks-lân''. Op 30 augustus [[1873]] ûntduts de EastenrykseEastenrykske ekspedysje fan [[Karl Weyprecht]] en [[Julius von Payer]] it eilân Gallia (''ostrov Gallja'') op'en nij. De arsjipel, dy't doe noch ta Noarwegen hearde, waard doe earst nei keizer Frans Jozef I ferneamd. It súdlik gebiet waard foar en nei de oerwintering fan 1873/74 ferkend. De poalûndersikers [[Fridtjof Nansen]] en [[Fredrik Hjalmar Johansen|Hjalmar Johansen]] oerwinteren yn 1895/96 op Kaap Noarwegen op it Jacksoneilân (''ostrov Dzjeksona'') nei't it harren net slagge wie om de noardpoal te berikken. De folgjende simmer moeten hja de Britske poalûndersiker [[Frederick Jackson]].
 
Op it plak fan de earste ûntdekking op Kaap Tegetthoff (Mys Tegetchof) waard by de [[Walter Wellman-Ekspedysje]] (1898-1899) in tinkstien oprjochte. Op Kaap Geller op [[Wilczeklân]] (''Zemlja Viltsjeka''; neamd nei [[Johann Nepomuk Graf Wilczek]]) oerwinteren yn 1899 ek in oantal leden fan de Welle-Ekspedysje. Yn [[1901]] moasten de ekspedysjeleden fan de Amerikaanske [[Evelyn Baldwin]] op it [[Algereilân]] (''ostrov Aldzjer'') oerwinterje. Op it Northbrook-eilân waard yn 1904 stienkoal dold troch in expedysje dêr't it skip fan letter by it Rudolf-eilân sonk.