Joseph Roth: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 4:
 
== Biografy ==
Roth waard berne yn Brody yn [[Galysje (East-Jeropa)|Galysje]] yn East-Jeropa, oan de úterste eastgrins fan de doetiidske dûbelmonargy. Nei de middelbere skoalle gie er yn 1913 nei Lviv foar universitêr ûnderrjocht. In jier letter ferfarde er nei [[Wenen]] en begjint er syn stúdzje filosofy en Dútske literatuer. Yn 1916 jout Roth de stúdzje oer en giet er frijwillich it EastenryksEastenryksk-Hongaarske leger yn. Syn ûnderfinings oan it front yn de [[Earste Wrâldkriich]] hawwe him syn libbenlang neisitten. Dit, en de delfal fan it Habsburchske Keizerryk yn 1918, hat him fan syn woartels berôve, hy koe it nearne mear echt fine, in feit dat gereldwei yn syn wurk werom komt. It hie ek fan gefolgen dat er polityk net yn ien hokje paste, mar hy hinge wol oer nei it konservatisme.
 
Nei de oarloch soe syn wurk fol fan heimwee nei syn ferlerne heitelân bliuwe. Hy skreau romans en koarte ferhalen. Hy waard fral bekend troch syn romans 'Job' (''Hiob'', roman oer it joadske libben, 1930) en 'Radetzkymars' (''Radetzkymarsch'', 1932. Roth syn 'lykskôging fan it âlde Eastenryk'<ref>Benno Barnard, Huizingalêzing 2002</ref>) en it essay ''Juden auf Wanderschaft'' (De swalkjende Joad',1927. In fragmintarysk ferslach fan de joadske migraasje fan East- nei West-Europa nei de Earste Wrâldkriich en [[Russyske Revolúsje]]. <ref>[http://www.kirjasto.sci.fi/jroth.htm www.kirjasto.sci.fi]</ref>. .