Falklânoarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st, Frysk: 'Britse' -> 'Britske'
L st
Rigel 36:
kriich sette útein op freed, [[2 april]] [[1982]] mei in ynvaazje troch it Argentynke leger en de besetting fan de eilannen. Fuort dêrnei ferklearre it Feriene keninkryk de oarloch oan Argentynje. Yn juny lannen Ingelske troepen op de Falklâneilannen. De Argentinen hienen 13.000 soldaten ynset foar de oarloch, de Britten 28.000.<ref>[http://www.falklandkrieg.de/artikel.php?id=krieg_statistik Der Falklandkrieg von 1982]</ref> De Britten hienen nei 74 dagen striid de eilannen werom ferovere.<ref>[http://news.bbc.co.uk/2/hi/uk_news/199850.stm BBC News - The battle over the Falklands]</ref> Yn de oarloch rekken 649 Argentinen en 258 Britten dea.
 
Troch de oarloch binne twa oarlochsskippen bekend wurden: de Argentynske lichte [[kruser]] ''[[General Belgrano (schip)|ARA General Belgrano]]'' en de Britske [[torpedoboatjager]] ''[[HMS Sheffield (D80)|HMS Sheffield]]''. De Belgrano wie oarspronklik in AmerikaansAmerikaansk oarlochsskip dat de [[oanfal op Pearl Harbor]] trochstien hie. De ''Conqueror'', in nukleêr oandreaune Britske [[ûnderseeboat]], wie ferantwurdlik foar de oanfal mei [[torpedo (wapen)|torpedo]]'s, dy't ek al yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] brûkt waarden. By de oanfal op de Belgrano foelen in soad deaden. Gefolch fan it sinken fan de Belgrano wie dat de Argentynske float wer de haven yngie en der net wer útkaam, dêrtroch wienen se gjin gefaar mear foar de Britske float. De Belgrano is it iennige skip dat yn oarlochtstiid troch in nukleêr oandreaune ûnderseeboat te sink brocht is. Der wie, en is noch altiten, kontroverse oer de oanfal op de Belgrano omdat dy by de oanfal bûten de saneamde 'war exclusion zone' wie en har farrjochting fan de eilannen ôf wie. Der wurdt sein dat de oanfal in ferjilding wie foar de folle swierdere ferliezen fan de Britske float as ferwachte wie, benammen troch de ûnderskatting fan de [[Argentynske loftmacht]] troch de Britten. Oaren wolle ha dat de Argentinen yn itselde gefal krektlyk reagearre hawwe soenen. De ''HMS Sheffield'' waard twa dagen nei it sinken fan de Belgrano [[midskips]] troffen troch in [[Exocet]]raket, dy't Argentynje fan Frankryk kocht hie. Dy waard fan in Argentynsk fleantúch ôf op grutte ôfstân lansearre. Hoewol't eltsenien foarôf al bang wie foar in oanfal mei raketten, wie it effekt fan in raketoanfal op in oarlochsskip oant dat momint noch net dúdlik. Nei it sinken fan de Sheffield, lutsen de grutste skippen fan de Britske float (de fleandekskippen) har werom oant se bûten it berik wienen fan Argentynske fleantugen. Allinnich de fregatten dêr't de Argentynske posysjes op de eilannen fanôf besketten waarden en troepentransportskippen wienen sa noch doelwyt fan de hast deistige oanfallen troch de Argentynske loftmacht. Sa waard ek it transportskip RFA [[sir Galahad]] mei oan board ienheden fan de [[Welsh Guards]] troffen mei in soad deaden en ferwûnen as gefolch.
 
== Politike gefolgen ==