Wynmotor: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L st
Rigel 5:
== Skiednis ==
Yn de tweintiger jierren fan de 20ste iuw waard de AmerikaanseAmerikaanske wynmotor ynset foar de polderbemealling. Dat hie ta gefolch dat der hast gjin tradisjonele wynmûnen mear boud waarden en de besteande yn ferfal rekken.
 
Nei likernôch 1930 kaam it [[elektryske gemaal]] en kaam der in ein oan it tiidrek fan wynbemealling. Fan de inkelde hûnderten wynmotors dy't boud wienen, binne no minder as fyftich oer. Dy binne meastentiids yn fiergeande steat fan ferfal. Somtiden misse sels de blêden. Mar in pear binne noch bedriuwsklear. Yn neifolging fan de tradisjonele mûnen wurde de wynmotors ek restaurearre. In lyts tal mûnen is, neidat se restaurearre en bedriuwsklear makke wiene, ferpleatst nei in gebiet dêr't se wer ynset wurde kinne, lykas de [[Wearribben]].