Aralmar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 33:
Midden yn de eardere Aralmar lei it eilân [[Vozrozhdeniye]]. (Vozrozhdeniye betsjut "werberte" yn it Russysk ). Trich syn isolearre lizzing waard it sûnt 1948 troch de [[Sovjet-Uny]] brûkt om dêr [[biowapens|biologyske wapens]] te ûntwikkeljen en û.o. yn de iepen loft te testen. Ien fan de brûkte bio-wapens is de libbensgefaarlike [[myltfjoer]]baktearje (=antraks).
Yn 1991 ferlieten de laboratoariummeiwurkers it eilân. Se lieten it measte brûkte materiaal en ôffal efter yn gebouwen en yn konteners.
Yn de rin fan 2001 groeide it eilân troch útdrûgjen fan de Aralmar fêst oan it fêstelân. Dêrmei ferlear it syn isolearre lizzing en wienen de gefaarlijke stoffen en baktearjen ienfâldich tagonklik woarn. In jier letter hat it oprêdekspedysje fan 113 persoanen ûnder lieding fan AmerikaanseAmerikaanske legerdeskundigen yn trije moannen safolle mooglik ôffal oprêden. Tsien ûndergrûnske myltfjoer-opslachplakken waarden folslein skjinmakke en mear as 100-200 ton myltfjoer-baktearjeôffal is weihelle.
It is net dúdlik hoefolle ôffal noch op it eilân lizzen bleaun is. Ek is it ûndúdlik hoefier de grûn noch fersmoarge is.