Fredespaleis: ferskil tusken ferzjes

L
st
L (st)
L (st)
 
 
== Konsepsje ==
It idee fan it Fredespaleis kaam fuort út in diskusje yn 1900 tusken de Russyske diplomaat [[Friedrich Martens]] en de AmerikaanseAmerikaanske diplomaat [[Andrew Dickson White]], oer de needsaak fan passende húsfêsting foar it [[Permanint Hof fan Arbitraazje]], dat oprjochte wie yn de earste [[Fredeskonferinsje fan De Haach]] yn [[1899]]. White naam hjiroer kontakt op mei syn freon, de woldogger, [[Andrew Carnegie]]. Carnegie wie net daliks optein en woe ynearsten allinnich in bydrage leverje foar it oprjochtsjen fan in bibleteek foar ynternasjonaal rjocht. White wist him lykwols oer te heljen, en yn 1903 gie Carnegie akkoard mei in donaasje fan 1,5 miljoen dollar (3,7 miljoen gûne) foar de bou fan in fredestimpel, dêr't it Arbitraazjehof yn hûsfêste wurde soe, en dêr't ek in bibleteek yn makke wurde soe.
Earst woe Carnegie it bedrag streekrjocht oan [[Wilhelmina fan de Nederlannen|Keninginne Wilhelmina]] skinke, mar wetliike beheinings stienen soks net ta, en yn novimber [[1903]] waard de [[Carnegie Stichting (Nederlân)|Carnegie Stichting]] oprjochte “ta it bouwen, ynrjochtsjen en ûnderhâlden fan in rjochtsgebou, en in boekerij foar it Permaninte Hof fan Arbitraazje”. Dizze stichting is noch altiten ferantwurdlik foar it behear en de administraasje fan it Fredespaleis.
 
12.645

bewurkings