Guggenheim Museum (New York): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L st
Rigel 9:
It is in museum foar [[moderne keunst]] mei benammen skilderkeunst fan de 20e iuw en ien fan de wichtichste musea foar moderne keunst.
 
It oarspronklike gebou is in museumstik op himsels troch syn bysûndere foarmjouwing. De tentoanstellingsromte bestiet út in spiraalfoarm, dy't him ek bûten manifestearret. De keunstwurken wurde tentoansteld lâns in spiraalfoarmich ferrinnende helling dy't it hiele gebou trochgiet. It sintrale diel fan de romte, dy't oer alle ferdjippings, foar safier't der hjir fan ferdjippings sprutsen wurde kin, trochrint, is ôfdekt troch in grutte ljochtkoepel. It is ûntwurpen troch de AmerikaanseAmerikaanske arsjitekt [[Frank Lloyd Wright]] yn gearwurking mei [[Hilla von Rebay]] fan de Solomon R. Guggenheim Foundation.
 
It Guggenheim Museum begûn as museum foar de priveekolleksje fan [[Solomon R. Guggenheim]]. Yn 1956 waard mei de bou begûn en op [[21 oktober]] [[1959]] gie it museum yn New York iepen. Wright ferstoar in heal jier foar de iepening. Yn 1992 kaam ín útwreiding klear en waard de museumromte ferdûbele mei in tsjien ferdjippings hege toer, wat al troch Wright foarsjoen waard yn syn plannen. Arsjitekt fan de útwreiding wie Gwatthmey Siegel & Associates. Yn 2006 en 2007 waard it gebou oan de bûtenkant folslein restaurearre.