Terkaple: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
L st
Rigel 56:
 
Gerrit Walstra (wenne letter yn it hûs fan fam. Haasjes, Buorren 21) wie yndertiid lytsfeint op Sipkema’s pleats en moast by stoarmwaar, tegearre mei de grutfeint nei de mole ta en dêr bliuwe, ek nachts, en oppasse dat alles goed gyng. De mannen moasten as it nedich wie de seilen ynkoartsje of de mole kruie; de mole mocht net stikken draaie. In kâld putsje yn waar en wyn.
De mole waard lykwols net goed ûnderhâlden. Yn de krisisjierren wie der gjin jild foar. De mole fersutere en hy kaam ek tefolle yn de lijte te stean fan de huzen dy’t boud waarden op in part fan de grûn fan de Sipkema’s: de fabrykshuzen op de Pôle. It fabryk kocht de grûn en liet de huzen bouwe. De mole waard úteinlik midden tritiger jierren ôfbrutsen (±1935). De AmerikaanseAmerikaanske wynmoter wie yn opkomst en waard rûnom delsetten. Sa ek hjirre.
 
Ien fan de bekendste “wynmotors” wie de “Hercules”, in grutte wynmoter oan de râne fan de Terkapelster Poel. Dizzy wynmoter waard yn 1904 oanskaft troch in mearderheid fan de “vergadering van eigenaren” û.l.f. Anne G. v.d. Ley, Kornelis S. Bakker en Fokke I. Schaap. Hja wienen net tefreden oer de bemealling troch de grutte wettermole fan Terkaple en richten harren eigen polder op mei eigen bemealling troch in nij fenomeen yn dy tiid: de AmerikaanseAmerikaanske wynmoter. Der wienen yn dy tiid noch mar inkele fan dy wynmoters pleatst yn Nederlân. Anne Gerrits v.d. Ley fytste nei Rotterdam om mei de Fa. Stokvis te ûnderhandeljen oer de oanskaf fan sa’n wynmoter. De wynmoter kostte Fl. 3.059,--. Der kaam in spesjale monteur út Dútslân om de wynmoter te ynstallearen. Fa. Stokvis hie sels noch gjin bekwaam personiel foar sa’n put. De wynmoter foldie goed en wie oanmerklik goedkeaper as de grutte mole. Hy hat 65 jier draaid en waard yn ± 1969 ferfongen troch it elektrysk gemaal fan wetterskip Boarnferd “de Lege Wâlden”, dat op it plak stiet fan de âlde grutte mole.
 
=== Skûtmakkerspôle ===