Coevorden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje
L st
Rigel 37:
Coevorden rekke yn it begjin fan de [[sechtjinde iuw]] ek belutsen yn strideraasjes tusken legers fan [[Karel V]] en [[Karel fan Gelre]], dêr't de Geldersken yn [[1536]] belies jaan moasten en Drinte part fan de [[Hartochdom Boergonje|Boergondyske]] en letter de [[Spanje|Spaanske]] [[Nederlannen]] waard.
 
Coevorden rekke belutsen yn de striid tusken de Spanjerts en it [[Steatsen|SteatseSteatske]] leger ûnder lieding fan prins [[Maurits fan Oranje]]. Nei in stikmannich belegerings, wist Maurits de stêd te bemasterjen. De stêd wie lykwols platbaarnd yn dy strideraasjes en moast dus fannijs wer opboud wurde. De hjoed-de-dei noch besteande âlde gebouwen, fêstingwurk, strjittestruktuer en stjerfoarmige stedsgrêft komt foar it grutste part út 'e ein fan de sechtjinde en begjin [[santjinde iuw]] en waard ûntwurpen troch [[Menno van Coehoorn]].
 
Op [[30 juny]] [[1672]] waard Coevorden troch biskop [[Bernard von Galen]] fan Múnster bemastere, mar waard op 30 desimber fan dat jier wer ferdreaun. Yn [[1673]] besocht er it fannijs. Hy besocht begjin oktober 1673 in [[keardaam]] yn de [[Oeriselske Fecht|Fecht]] by [[Gramsbergen]] te bouwen, sa't Coevorden ûnder wetter rinne koe. Fanwegen in swiere stoarm bruts de daam en der ferdronken 1400 Múnsterske soldaten en Coevorden waard sa rêden.