Hans de Boer (bestjoerder): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
stavering oanpast
Rigel 2:
'''Hans de Boer''' ([[Wytmarsum]], [[17 jannewaris]] [[1955]]) is in Nederlânske ûndernimmer, bestjoerder en earder foarsitter fan [[MKB-Nederlân]]. Op 1 july 2014 is er foarsitter fan [[VNO-NCW]] wurden. Hy is lid fan it [[CDA]].
 
De Boer helle it [[gymnasium]]diploma en studearre dêrnei [[ekonometry]] en iepenbiere finânsjen oan de [[Frije Universiteit Amsterdam|Frije Universiteit]] yn Amsterdam. Dêrnei gie er oan't wurk as wittenskiplik meiwurker. Yn de jerrenjierren tachtich wie De Boer beliedsadviseur fan it regear fan de [[Nederlânske Antillen]]. Hy wie fan 1997 oant 2003 foarsitter fan MKB-Nederland en siet fiif jier yn it deistich bestjoer fan de [[Sosjaal-Ekonomyske Ried]] (SER).<ref>katern "Economie", ''[[NRC Handelsblad]]'', 28 juny 2014, s. E2.</ref>
 
Fan 2006 oant 2007 wie er foarsitter fan de [[Taskforce Jeugdwurkleazens]] en dêrnei lid fan it Innovasjeplatform dy't de ambachtsskoallen werom bringe woe yn it ûnderwiis. Ek hat er fan 2010 oant 2012 foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch fan it ''Koninklijk Nederlands Geleidehonden Fonds'' (KNGF) west.