Preekstoel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L st
Rigel 5:
It wurd kânsel stamt út it [[Latyn]] ''cancelli'' en betsjut "traaljewurk" of "hikke". De preekstoel is fuortkomd út de âldkristlike [[ambo]] en út it midsiuwske [[doksaal]] dat tsjinst docht as ôfskieding tusken it [[skip (boukeunst)|skip]] fan de tsjerke en it [[prysterkoar|koar]]. De [[Dominikanen]] brûkten yn Dútslân en Itaalje draachbere kânsels dy't op liuwefigueren rêsten (symboal fan it oerwûne kwea). Fêststeande preekstuollen wienen al bekend yn de 15e iuw, mar waarden pas algemien yn de 16e en 17e iuw troch it [[Konsylje fan Trente]] ([[1545]]-[[1563]]) dat oan de preken mear oandacht bestege wurde moast.
 
Yn grutte tsjerken waarden de preekstuollen faak heech boud mei elaborearre fersieringen. De preek waard dan ek 'fan boppe ôf' ferteld. De kânsel bleau ek nei de [[reformaasje]] bestean yn [[protestantisme|protestantseprotestantske]] tsjerken. Yn [[Eastersk-Ortodokse Tsjerke]]n is it faak in leechsteand platfoarm.
 
Boppe de preekstoel sit faak in [[klankboerd]], dat fanâlds de akoestyk ferbettere. Omdat der tsjintwurdich lûdsynstallaasjes brûkt wurde, is dat no net mear needsaaklik.
 
De tradisjonele kânsel is in lytse romte, faak mei in tagongsdoarke, dêr't it ûnderlichem fan de foargonger efter net sichtber is. Yn moderne protestantseprotestantske tsjerken is de lytse kânsel ferfongen troch in poadium wêrop't romte is foar mear aktiviteiten. Dêrop stiet dan in [[lessener]]. Hat de foargonger dan ek noch in triedleaze [[mikrofoan]] op de revers, dan hat er hjir folle mear bewegingsfrijheid.
 
== Galery ==