Kristendom: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L st
Rigel 6:
It Kristendom is ûntstien as in joadske sekte dy't Jezus Kristus oanfierde as de Messias dêr't Gods beloften yn ferfolling gongen wienen. Mei op grûn fan de profetyske útspraken yn de ''[[Tenach]]'' wurde oan it ''Nij Messiaanske Ryk'' heilsbetsjutting takend oan alle folken. Dizze opfetting, hat - nei earnstige konflikten yn de earste generaasje Kristenen ûnderinoar - laat ta in breuk mei de Joaden dy't Jezus net as de Messias seagen. Al yn de [[2e iuw]] wie de ferwidering tusken joadendom en kristendom folslein.
It kristlike leauwen hat him sûnt dy tiid fierders ûntwikkele en útwreide, fral ek troch de konfrontaasje mei de net-joadsejoadske antike wrâld. By de ekspânsje binne de doedestiids [[Romeinske Ryk]] stuite it kristendom op ferbittere tsjinstân (kristenferfolgingen), oant hja yn [[313]] troch keizer [[Konstantyn de Grutte]] it rjocht krigen harren leauwen yn frijheid út te oefenjen (it [[Edikt fan Milaan]]). Yn [[380]] ferwurf it sels yn har ortodoks-katolike foarm in monopoalje posysje.
Yn 'e rin fan 'e tiid is der yn it kristendom in [[westersk kristendom|westerske]] en [[eastersk kristendom|easterske tradysje]] kaam. Ta de westerske tradysje kin it [[katolisisme]] rekkene wurde en it dêrút ûntstiene [[protestantisme]]. Ta de easterske tradysje rekkenet men de [[nestorianisme|nestoriaanske]] [[Tsjerke fan it Easten]]; de [[oriïntaalsk-otterdoksy]], dy't ôfstân nimt fan it [[Konsily fan Galsedon]] (451); en teffens de [[eastersk-otterdoksy]], dy't ûntstien is by it [[Grutte Skisma]] fan [[1054]] en dy't teologysk mar krekt ôfwykt fan it katolisisme. Al dizze tradysjes ûnderskriuwe de kanones fan it [[Konsily fan Nicea|Konsily fan Nikea]].