Swarte Dea: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L st
 
Rigel 18:
 
== Ferfolging fan de Joaden ==
It wie ûndúdlik wêr't de sykte wei kaam, in soad tochten dat it in straf wie fan [[God]]. Mar omdat eltsenien slachtoffer waard, strang leauwich of net, ûntstie ek twifel. Fan alle minsken waarden [[Joaden]] it minste siik, efterôf blykte dat dit mei de Joadske reinigingswetten te krijen hie. Troch dizze reinigingswetten út it âlde testamint libben de Joaden hygiënysker as de oare minsken, wêrtroch't se minder faak besmetten waarden. Benammen de Joadske wyk fan Straatsburg foel op omdat hjir mar 5% fan de befolking slachtoffer waard. Dat dit te krijen hie mei hygiëne wie net bekend, dus waarden de Joaden fertocht: dy soenen wetterputten en wetterboarnen fergiftigje om sa kristenen om it libben te bringen. Dit ferhaal kaam fan de Switsersk Joadske arts [[Balavignus]] út [[Chillon]]. Balavignus lei in troch marteling krigen forsearre bekentnis ôf. Hy 'bekende' dat Joaden yn Súd-Frankryk in plan útwurke hienen om kristenen te fergiftigjen. It gif soe bestean út mealde herten fan kristenen, spinnen, kikkerts, hagedissen en minsklik fleis. Fan dit fergif waard in poeier makke, wêrmei't boarnen fan kristenen fegiftige waarden. It ferhaal ferspriede him hurd fan Switserlân nei Dútslân en hie katastrofale gefolgen foar de Joaden yn Europa.<ref>[http://www.jewishencyclopedia.com/view.jsp?artid=1114&letter=B Myth of Well-Poisoning], Jewish Encyclopedia</ref> Nei oanlieding fan it ferhaal fan fergiftige boarnen waarden in soad [[pogroms]] útfierd yn Europa, benammen yn Switserlân en Dútslân, mei tsientûzenen Joadske slachtoffers as gefolch. Yn totaal waarden 210 lytsere en gruttere Joadske mienskippen ferneatige, yn de stêden [[Bazel (Switserlân)|Bazel]], [[Frankfurt am Main]], [[Straatsboarch]] en [[Keulen]] waard de totale JoadseJoadske befolking útmoarde. De Joaden waarden meast libben ferbaarnd en harren besittingen waarden konfiskearre. <ref>[http://www.jewishhistory.org.il/history.php?startyear=1340&endyear=1349 1348 - 1349 THE BLACK PLAGUE (Europe)], Jewish History</ref>
 
== Slachtoffers ==