Bert Goedkoop: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Sybrand (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
L fl
 
Rigel 26:
Bert Goedkoop begûn syn karriêre as follybaltrainer yn 1988, hy die dat op klupnivo. Hy waard doe trainer fan [[Martinus]]. Yn 1990 gie er nei [[Belgje]] om dêr de klup ''Maaseik'' te trainen. Yn 1993 waard er oansteld as haadtrainer fan de [[Nederlânske follybalploech (manlju)|Nederlânske follybalploech by de froulju]]. Twa jier letter waard der in grut súkses helle: op it [[Europeesk kampioenskip follybal froulju 1995|Europeesk kampioenskip]] waard in gouden medalje helle. Ek einige er mei de ploech op in fyfde plak by de [[Follybal op de Olympyske Simmerspullen 1996/Sealfollybal|Olympyske Simmerspullen fan 1996]] yn [[Atlanta]].
 
Yn 2001 waard Goedkoop trainer fan de [[Nederlânske follybalploech (manlju)|NederlanskeNederlânske follybalploech by de manlju]]. By de [[World League follybal 2001|World League fan 2001]] waard de ploech yn [[Katowice]], [[Poalen]], knap sande. By it toernoai yn 2002 hie Goedkoop in ploech dy't ferjonge wie, dy ploech waard wer sande. Letter it jier waard yn [[Argentynje]] op it [[Wrâldkampioenskip follybal manlju 2002|Wrâldkampioenskip]] in njoggende plak helle.
 
Nei in teloarstellend [[Europeesk kampioenskip follybal froulju 2011|Europeesk kampioenskip 2011 by de froulju]] waard [[Avital Selinger]] ûntslein as bûnstrainer. Bert Goedkoop naam dêrnei de lieding fan de ploech oer. Hy wie ynterim-trainer foar de wedstriden dy't spile waarden yn it Pré-Olympysk Kwalifikaasje toernoai. Dêrnei soe der in nije bûnstrainer oansteld wurde.