Kserografy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
 
Rigel 1:
{{Skiednis Boekdrukkeunst}}
[[File:Xerographic photocopy process en.svg|thumb|left|Skematyske werjefte fan it kserografyproses]]
'''Kserografy''' (ôflaat út it GryksGryksk, letterlik ''drûch skriuwe'') is in proses dat brûkt wurdt yn [[kopiearapparaat|kopiearapparaten]] en yn [[printer#Ljochtprinter|Laser(ljocht)printers]].
 
By moderne (digitale) kserografy wurdt in kopy skend mei in lampe. Dat ljocht wurdt troch spegels en in lins yn in [[Charge Coupled Device|CCD]] laden. Dêrnei wurdt de ôfbylding omset yn ienen en nullen (digitaal). Tagelyk wurdt in filmlaach dy’t op in rôle (drum) sit laden mei in lykmjittige negative [[Statyske elektrisiteit|statyske lading]]. Dêrnei wurdt de rôle beljochte mei de ôfbylding fan it orizjineel (black printing). Op de plakken dêr’t in soad ljocht falt, lekt de elektryske lading fuort. Dêrnei wurdt [[toner]] (in hiel fyn poeier) op de rôle oanbrocht troch in developer (in magnetysk laden rôle dêr’t toner yn mjukse wurdt mei lytse izerbaltsjes), dy’t allinnich op de laden stikken fan de rôle (dy’t yn it orizjineel dus ek donker wiene) troch de elektrostatyske oanlûkingskrêft klibjen bliuwe. Dêrnei wurdt in leech fel papier sterker laden mei in positive lading en by de rôle lâns fierd. It papier lûkt de toner fan de rôle oan en sa ûntstiet de kopy. De toner leit no noch los op it fel papier. Troch it papier by in waarmteboarne ([[fuser]]) lâns te fieren raant de toner fêst op it papier en is de úteinlike kopy (of print) klear. Dêrnei wurdt de drum skjinfage fan residu-toner en mei ljocht wer neutralisearre.