Maya's: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 6:
In soad Maya's wrakselje mei it probleem dat se oan de iene kant profitearje fan de goede kanten fan de moderne wrâld, wylst se dochs net harren eigen identiteit ferklieze wolle. Yn de 20e iuw hawwe de Maya's net allinnich slachtoffer west fan efterstelling en ûntrjochting, mar ek fan ferfolging en massamoard.
 
Mear as 80% fan de 200.000 slachtoffers fan de [[Guatemalteeske boargeroarloch]] (1960-1996) bestie út Maya's; yn de jierren '80 ûnder de presidinten [[Romeo Lucas García]] en [[Efraín Ríos Montt]] barde yn Guatemala in streekrjochte [[Guatemalteekse genoside|genoside]] op de Mayabefolking. De [[RoomsRoomsk-katolike Tsjerke]] fan Guatemala hat de faak grouwélige misdieden wiidweidich dokumintearre, wat in biskop fan it aartsbisdom, [[Juan Gerardi]], it libben koste. Ien dy't fan Mayaanse side aksje fiert tsjin duorjende rjochtleazens is [[Rigoberta Menchú]] ([[Nobelpriis foar de Frede]], 1992). Under ynternasjonale druk binne de lêste jierren lykwols mear rjochten takend oan it grutte Mayaanse befolkingsdiel; benammen it twatalich ûnderwiis is ynternajonaal wol priizge. Yn Meksiko rûnen de spanningen op doe't yn [[1994]] it [[Zapatistysk Nasjonaal Befrijingsleger]] (EZLN) yn Chiapas yn opstân kaam.
 
Yn Meksiko is [[Francisco Luna Kan]] yn 1976 as earste Maya ta gûverneur fan Yuatán keazen en ferskate middelgrutte stêden yn Guatemala hawwe de lêste jierren foar it earst Mayaboargemasters hân; dochs binne Maya's noch altiten polityk sterk ûnderfertsjintwurdige.
Rigel 13:
Sûnt de jierren santich hawwe in soad Maya's har ta it [[protestantisme]] bekeard; ûnder de Maya's in Guatemala en Chiapas binne no mear protestanten as katoliken. Benammen it [[evangelikaal kristendom]] en [[pinkstertsjerke]]en binne populêr. Dizze feroaring is net ûnomstriden.
 
Yn de tiid fan de 'violencia' waard it wurk fan Noard-Amerikaanske protestantske sindelingen troch de moarddiedige Guatemalteeske oerheid stipe, wylst progressive roomsroomsk-katolike prysters ferfolge waarden. In soad âlde (meinskips)tradysjes sille ûnder ynfloed fan it anti-ritualistyske protestantisme ferdwine, al hat dit it foardiel dat protestantske Maya's de faak djoere mienskipsplichten net mear hoege te dwaan en sa ta ekonomyske ûntwikkeling komme kinne.
 
Ek foar it bestriden fan [[alkoholisme]] skynt de bekearing ta it protestantisme fan in soad Maya's in posityf effekt hân te hawwen. Op guon plakken is it ta geweldsútbarstings komd tusken katolike en protestante Maya's.