Akbar de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Akbar_as_a_boy.jpg ferfange troch Akbar.jpg (troch CommonsDelinker om't: file renamed, redirect linked from other project).
L st
Rigel 15:
Ien fan de dingen dy't keizer Akbar bysûnder makke, wie syn godstsjinstpolityk. Fan in hearsker ôfkomstich út in islamityske dynasty waard ferwachte dat hy sels moslim wêze soe en yn syn ryk de posysje fan de islam stypje soe. Mar al yn it njoggende jier fan syn regearing skafte hy de ''[[jizya]]'' ôf, de belesting dy't de mearderheid fan net-moslims yn syn ryk betelje moast.
 
Yn 1575 liet hy yn Fatehpur Sikry it ''Ibadat Khanna'' (Hûs fan oanbidding) bouwe. Dêr nûge hy de soennityske [[moslimgelearde]]n út om mei him te oerlizzen oer de wetten dy't yn syn ryk jilde soene. Omdat hy argewaasje hie om it spul oer lytse saken, nûge hy binnen in jier ek sjiityske moslimgelearden út foar oerlis. Noch letter waarden hindoeïstyske, boeddistyske, jainistyske, soroastryske en kristlike gelearden útnûge oan oan it oerlis diel te nimmen. De kristengelearden wienen roomsroomsk-katolike jezuïten kommend út de lytse Portegeeske koloanje [[Old Goa|Goa]]. De oansjenlikste fan harren wie Jerome Ksaverius (1549-1617), in neef fan de ferneamde [[Fransiskus Ksaverius]] (1506-1552).
 
Omdat hy graach witte woe wat de hillige geskriften fan oare religys seine, joech hy opdracht de [[Atharva Veda]], in hillich boek fan it hindoeïsme, oer te setten. Wer letter joech hy opdracht om de [[Bibel]] oer te setten.