Église Saint-Juvin (Saint-Juvin): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L defsort
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 35:
== Skiednis ==
[[File:Saint Juvin.JPG|thumb|left|175px|''Byld fan [[Juvinus fan Reims|Sint-Juvinus]], de patroanhillige yn de tsjerke'']]
De tsjerke waard boud tusken 1614 en 1624 nei't de kontrei al in skoft slim te lijen hân hie fan de hugenoate-oarlogenoarloggen. Alhoewol't it doarp al in tsjerke hie, bouden de ynwenners de nije fersterke tsjerke sa'n hûndert meter fierder fan it âlde plak. De tsjerke waard op 14 augustus 1643 ynwijd.
 
Tsjin it ein de [[Earste Wrâldkriich]], yn oktober 1918, soe it 1e Amerikaanske Leger yn it ramt fan it [[Maas-Argonne-offensyf]] de ''Kriemhilde Stellung'' oanfalle, dy't achter de Hindenburg Liny lei. De bombardeminten en in eksploazje fan in Amerikaansk munysjedepot ferneatige trijfearn fan it doarp Saint-Juvin, ûnder oare de tsjerke. De tsjerke stie as histoarysk monumint ynskreaun en waard tusken 1931 en 1935 op eksakt deselde wize wer opboud. It dak is sûnt lykwols net mear fan hout mar fan wapene beton.