Keizerryk Ruslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 30:
Fan 1721 oant 1762 hearske it [[Hûs Romanov]] oer it ryk. De matrilineale staach fan patrilineale Dútske komôf, it Hûs Holstein-Gottorp-Romanov, hearske fan 1762 oant it ein fan it ryk yn 1917.
Tsaar Peter de Grutte (1682–1725) focht yn in grut tal oarlogenoarloggen en boude it dochs al ûnbidich grutte lân út ta ien fan de machtigste Europeeske riken. Hy ferhûze de haadstêd fan [[Moskou]] nei de nije modelstêd [[Sint-Petersburch]], dy't neffens Europeesk ûntwerp oanlein wie en sette in kulturele revolúsje yn, dy't de midsiuwske tradisjonele, sosjale en politike wizânsjes ferfong troch in mear modern, wittenskiplik, Europeesk-oriïntearre en rasjonalistyk systeem.
 
[[Katarina de Grutte]] hearske fan 1762–1796 yn de Gouden Iuw fan Ruslân. Hja wist it ryk troch oermastering, kolonisaasje en diplomasy fierder út te wreidzjen en bleau it moderniseringsbelied fan Peter de Grutte neffens West-Europeeske ideeën fuortsetten.