Mir (Wyt-Ruslân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 30:
Sûnt de twadde helte fan de 17e iuw ûnstie yn Mir in grutte joadske gemeente, dy't foar it [[joadendom]] ynternasjonaal geastlike en spirituele betsjutting krige en in rige oan gelearden en ferneamde [[Rabyn|rabin]]en levere. De stêd waard ien fan de East-Europeeske [[sjtetl]]s mei in grut tal [[synagoge]]s. Yn 1886 hie Mir sân synagoge's, twa [[Tsjerkegebou|tsjerke]]n en ien [[moskee]].
 
Mei de tredde dieling fan Poalen kaam Mir fanôf 1795 yn it [[Russyske Ryk]] te lizzen. Oan it begjin fan de fjildtocht fan [[Napoleon Bonaparte|Napoleon]] nei Ruslân yn 1812 waard der by Mir fochten, werby't de Russyske kavallery in oerwinning op de Poalen behelle. Nei de Poalsk-Sovjetyske oarlogenoarloggen en de Frede fan Riga fan 18 maart 1921 waard Mir by [[Poalen]] foege, oant it yn septimber 1939 troch it [[Reade Leger]] beset waard.
 
Fan 26 juny 1941 oant 7 july 1944 besetten de [[Nazy-Dútslân|Dútsers]] Mir. Yn dy tiid waard it grutste diel fan de joadske befolking fan de stêd útmoarde.