Saratov: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Frysk
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 27:
De geunstige lizzing fan de stêd op it plak dêr't de lânrûte fan de Wolga nei Moskou op it koartst is makke fan Saratov in wichtich sintrum foar de oerslach fan fisk en sâlt.
[[File:Свято-Троицкий собор (Саратов).jpg|thumb|left|250px|<center>''De [[Trije-ienheidskatedraal (Saratov)|Trije-ienheidskatedraal]] is boud yn de styl fan de Moskouse barok yn de jierren 1689-1695''</center>]]
[[Katarina de Grutte]] makke mei in dekreet yn 1762 in ein oan it ferfolgjen fan [[âldleauwigen]] en se mochten harren yn it Wolga-gebiet nei wenjen sette. Ek noege se yn 1763 bûtenlanners, benammen Dútsers, út om harren nei wenjen te setten om de nije gebieten (it saneamde Novorussia; Nij-Ruslân) dy't troch de Russisch-Turkske oarlogenoarloggen oan it Russyske Ryk tafoelen te kolonisearjen. De saneamde [[Wolgadútsers]] lieten harren ynfloed op de arsjitektuer efter. Se kamen tusken 1763 oant 1767 oarspronklik benammen út [[Beieren]], Baden, [[Hessen]], de [[Palts]] en it [[Rynlân]]. Yn it Russyske Ryk krigen de Dútsers geunstige betingsten en in bysûndere politike status, lykas selsbestjoer, it brûken fan it [[Dútsk]] as amtlike taal en frijstelling fan militêre tsjinst. Fan de twadde helte fan de 18e iuw oant harren deportaasjes yn de [[Twadde Wrâldkriich]] wenne der in grutte mienskip [[Wolgadútsers]] yn Saratov, dy't in grutte bydrage levere oan it ûnderwiis, de wittenskip, de yndustrialisaasje en it kulturele libben yn 'e stêd.
 
Ta neitins oan de oerwinning op [[Napoleon Bonaparte|Napoleon]] yn 1812 waard yn it sintrum fan de stêd de monumintale Aleksander Nevski-tsjerke boud (yn 1932-1938 ferneatige). Yn 1813 waarden [[Frankryk|Frânske]] kriichsfinzenen nei Saratov ferballe. Se krigen in funksje by de publike wurken fan de stêd, lykas de bou fan damen en it oanlizzen fan parken. In soad Frânsen namen de russyske nasjonaliteit oan en bleaune yn Saratov. Se iepenen ambachtlike bedriuwen en oaren fûnen wurk as learkrêft yn russyske hûshâldings of ûnderwiisynstellings.