Fryske flagge: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Sjoch oerlis
L fl
 
Rigel 7:
 
== Oarsprong ==
De flagge is nei alle gedachten yn dizze ferzje makke troch de famylje De Zee fan [[Jirnsum]], om [[1895]] hinne, en sa'n twa jier letter yn de hannel brocht. De flagge wie nei sizzen makke nei in âlde print fan it Fryske wapen, dy't spitigernôch yn 1923 troch brân ferlern gien is. Sûnt lykernôchlikernôch 1880 wienen yn inkelte gefallen al eardere flaggen mei sa'n selde motyf brûkt. Dat motyf is oernaam fan de wapens fan de [[Fryske keningen]] sa't dy yn de [[15e iuw]] en letter yn de wapenboeken stiene. It tal banen en pompeblêden wie op de ôfbylden al oars.
Der wienen gauris acht banen, en it tal pompeblêden wie meast alve, al is elts getal fan sân oant alve wolris tekene.
In opfallend ferskil mei de hjoeddeiske flagge is dat de lytse baan boppenoan yn de punt yn de ôfbylden altyd wyt is, dêr't dy by de flagge blau is.