Ferlosserstsjerke (Jeruzalim): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Frysk
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 57:
De tsjerke waard yn de jierren 1970-1973 renovearre. Dêrmei waard de skea dy't de tsjerke by de [[Arabysk-Israelyske Kriich fan 1948|Unôfhinklikheidskriich]] fan 1948 en de [[Seisdeiske Kriich]] fan 1967 oprûn ferholpen. Arsjitekt W. Krüger hie in soad op mei de moderne tsjerke-arsjitektuer en joech de foarkar oan in ienfâldich ynterieur. It histoarisme wie út de tiid en beheinings lykas monumintesoarch wiene der net en sa ferdwûn de kleurrike beskildering fan it ynterieur. Ek de preekstoel waard ferfongen en mei in diel fan it histoaryske tsjerkemeubilêr. Yn de apsis bleau allinne it mozaïek mei de holle fan Kristus bewarre.
 
It alter yn de [[apsis]] moast wike foar in nij alter ûnder de [[Krusing (tsjerke)|krusing]]. Ek de kantelen om de koepel boppe de fiering waarden ferwidere, mar dan mear omreden fan ynkringend wetter. Yn de oarlogenoarloggen fan 1948 en 1967 wiene de measte brânskildere ramen ferlern gien. Se waarden ferfongen troch moderne [[glês-yn-lead]] ramen fan Anna Andersch-Marcus út Hamburch.
 
By de renovaasje fan 1970-1974 waard ek argeologysk ûndersyk útfierd. Untdutsen waard dat de tsjerke net lykas earder tocht op resten fan de stedsmuorre út de tiid fan Jezus stie. De dielen dy't út de tiid fan Jezus binne waarden as in tún oanlein, dy't eartiids bûten de stedsmuorre lei. Dêrmei wurdt de teory ûnderskreaun dat Golgotha dêr earne lein hat dêr't hjoeddedei de Grêftsjerke stiet. By de opgravings binne ek de resten fan de Santa Maria Latina renovearre.