Bagdad: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
 
Rigel 39:
Bagdad waard yn [[762]] stifte ûnder de namme ''Madinat as Salam''', wat ynhâldt de ''Stêd fan de Frede''. De stêd wie mei tuskenskoften de [[haadstêd]] fan it [[kalifaat]] fan de [[Abbasiden]]. De namme ''Bagdad'' hearde feitlik by in doarpke ticht yn de buert, dêr't de namme fan oergong op de tichteby lizzende stêd. De namme Bagdad komt út it [[Perzyske taal|Perzysk]] en betsjut 'skonken tún'. (Yn it Perzysk, 'Bagh' (بغ) betsjut hof, garde en 'dad' (داد) betsjut jaan). In bynamme foar Bagdad wie de ''Rûne Stêd'', troch har rûne foarm. Yn in pear jier tiid ferrize der in grut paleis en in grutte moskee en de stêd woeks eksplosyf troch de tastream fan minsken út de hiele islamityske wrâld. De stêd bloeide as hannelsstêd trochdat in grut part fan de hannelswegen tusken [[Aazje]] en [[Jeropa]] oer Bagdad giene. De grutte havenstêd [[Basra]] oan de [[Perzyske Golf]] soarge foar in goede ferbining mei de [[Yndyske Oseaan]]. Sa kamen wichtige seerûtes fanút East-Afrika en Súd-Aazje by Bagdad gear.
 
De keunsten en wittenskippen waarden stimulearre troch de yntellektuele frijheid dy't de Abbasiden foarstienen en der ûntstienen ferneamde studzjesintrastúdzjesintra mei ûnder oare it [[Hûs fan de Wiisheid]], dêr't út de hiele bekende wrâld wei studinten en gelearden hinne kamen om te studearjen en ûnderwizen. Bagdad waard in wichtich sintrum foar it yn stân hâlden fan de eardere [[hellenisme|Helleenske]] skriften. In diel fan de klassike literatuer wie allinnich noch bekend troch Arabyske oersettings dy't hjir bewarre en fan kommentaar foarsjoen waarden. Ek de genêskunde stie op in heech peil. Ut dy tiid (de 9e iuw) datearje de ferhalen fan ''1001 nacht'', dêr't Bagdad en syn ferneamde [[kalyf]] [[Haroen al Rashid]] in wichtige rol yn spylje.
 
Yn [[1055]] feroveren de [[Turken|Turkske]] [[Seltsjoeken]] de stêd. Sy respektearren it gesach fan de kalyf mar bestjoerden sels de wrâldske saken. Yn Bagdad waard troch harren de [[Nizamiyyah]] stifte, in oare foarm fan heger ûnderwiis, dy't mear op Turkske en Perzyske tradysjes stipe. Oant yn [[1258]] bleau Bagdad ien fan de wichtichste stêden fan de islamityske wrâld en fan West-Aazje. Yn dat jier ferwoasten de [[Mongoalen]] Bagdad en deaden sawat de hiele befolking, wêrûnder ek de lêste kalyf. Dêrnei namen oare kultuersintra yn it Midden-Easten de rol fan Bagdad oer, benammen Egypte en Spanje. Yn [[1401]] waard de stêd opnij troch [[Mongoalen]] plondere, en yn [[1534]] foel Bagdad yn hannen fan de [[Turken]]. Nei de fal fan it [[Ottomaanske Ryk]] yn [[1917]] waard Bagdad yn [[1920]] de haadstêd fan Irak en waard bestjoerd troch de [[Grut Brittanje|Britten]].