Neve Campbell: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L st
Rigel 28:
Yn [[1996]] hie Campbell har earste grutte [[film]]rol yn ''The Craft''. Datselde jiers spile se de haadrol (as Sidney Prescott) yn 'e [[horror]]film ''Scream'', dy't in ûnbidich súkses waard mei in opbringst fan $173 miljoen. Campbell wûn der in ''[[Saturn Award]]'' yn 'e kategory bêste aktrise mei, en der waarden trije ferfolgen op makke dy't ek tige súksesfol wiene: ''Scream 2'' yn [[1997]] ($170 miljoen), ''Scream 3'' yn [[2000]] ($160 miljoen), en ''Scream 4'' yn [[2011]] ($97 miljoen). Foar har optreden yn it twadde diel fan 'e rige wûn se de ''[[MTV Movie Award]]'' foar bêste aktrise. Fierders spile Campbell yn [[1998]] yn 'e a-typyske [[skriller]] ''Wild Things'', wêryn't se ûnder mear in opsjochjaande frijsêne mei [[Denise Richards]] hie. Oare films fan harres út dy snuorje wiene û.m. ''54'' ([[1998]]) en ''Three to Tango'' ([[1999]]). Dêrnjonken liende se yn 'e [[tekenfilm]] ''The Lion King II: Simba's Pride'' har stim oan Simba en Nala harren dochter Kiara.
 
Fanôf likernochlikernôch de milenniumwiksel spile Campbell yn ferskate films dy't mar op in beheind tal plakken draaiden, mar dy't troch de [[resinsint]]en tige by tige wurdearre waarden. Dêrûnder wiene ''Panic'' ([[2000]]), mei [[William H. Macy]] en [[Donald Sutherland]], ''Last Call'' ([[2002]]), mei [[Sissy Spacek]] en [[Jeremy Irons]], en fierders ''The Company'' ([[2003]]), oer it [[Joffrey Ballet]]selskip fan [[Chicago]], en de ûnôfhinklike film ''When Will I Be Loved'' ([[2004]]).
[[File:NeveCampbell2009 (bysnien).jpg|right|thumb|250px|Neve Campbell yn [[2009]].]]