Falentinianus III: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
 
Rigel 7:
Falentinianus wie noch mar seis 6 jier âld doe't hy ta keizer kroand waard as ferfanger foar [[usurpator]] [[Iohannes]]. Syn taken as keizer waarden oernommen troch syn mem. Yn [[437]] boaske er mei [[Lisinia Eudoksia]], de dochter fan East-Romeinske keizer [[Teodosius II]]. Alhoewol't hy doe mûnich wurden wie, hie er noch hieltyd net folle mei it ryk te krijen. De oerbefelhawwer fan it leger, [[magister militum]] [[Aetius]], hie lykwols wol in protte macht. Falentinianus waard beskreaun as in ferdoarn jonkje dat ûnder ynfloed stie fan stjerrewikkers en tsjoenders en dy't wierskynlik net folle sin of kunde hie om te regearen. Hy soarge der as fanatyk kristen wol foar dat de [[paus]] folle mear macht krige.
 
[[Ofbyld:Europe map 450.PNG|right|thumb|Jeropa, likernochlikernôch 450.]]
Fieders is bekend dat ûnder syn regear it Romeinske ryk hurd tebek rûn; in tal wichtige provinsjes waard nammentlik troch barbaren ferovere: [[Afrika (Romeinske Ryk)|Afrika]], wichtich foar de nôtfoarsjenning fan it ryk, gong ferlern oan de [[Fandalen]], yn [[Hispanje]] waard in grut gebiet ferovere troch de [[Sueven]], [[Galje]] kaam hieltyd mear yn besit fan de [[Franken]], [[Fisigoaten]] en [[Boergonden]] en it Romeinske leger luts foarfêst fuort fan it Britske eilân [[Brittanje]]. Wol slagge generaal Aetius ûnder syn hearskippij, yn [[451]], deryn om de [[Hunnen]] tsjin te hâlden.