Gordianus I: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st; taal
L fl
Rigel 5:
Gordianus waard konsul yn [[Rome (stêd)|Rome]] doe't er sechstich jier âld wie en hy wie sawat tachtich jier âld doe't hy de oanstelling krige fan gûverneur fan de provinsje Noard Afrika. Der wienen tige grutte problemen ûntstien troch de betiden absurde hege belêstingen dy't troch keizer [[Maksiminus Traks]] oplein waarden. Guon fan de wolstelden yn it ryk dienen in driuwend berop op Gordianus om keizer te wurden. Nei wifeling akseptearre hy dizze taak rûn 19 of 22 maart [[238]], tegearre mei in soan fan him, [[Gordianus II]].
 
De twa Gordiani gienen op wei nei [[Kartago]], dêr't sy in brief nei de [[Romeinske senaat]] skreaunen om harren plannen bekend te meitsjen. Tagelyk joegen de Gordiani opdracht om Fitalianus te fermoardzjen, de prefekt fan de [[Praetoriaanske garde]], dy't tige trou west wie oan keizer Maksiminus. Dat joech de senaat genôch moed om it oanbod fan de Gordiani iepenlik te akseptearren. Gordianus I en Gordianus II waarden tegearre keizers en krige de offisjele bynamme "Africanus". It nijs dat Maksiminus ôfsetten wie, waard troch de Romeinske boargerij mei freugde ûntfongen en rellen brutsen út dêr't alle ynformanten en belêstingynbarrers fan Maksiminus fermoarde waarden.
 
Doe't it nijs Maksiminus, dy't op dat stuit yn Sirmium was, berikte, sette hy him nei Itaalje ta om te besykjen de opstân tsjin te holden.