Provinsjale wei 361: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
opmaak oars
auto-frij ----> autolij, nei oerlis
Rigel 6:
De dyk begjint yn Grinslân direkt benoarden it [[Van Starkenborghkanaal]] en rint troch [[ Adorp |Adorp]] en [[Sauwerd]]. By [[Winsum (Grinslân)|Winsum]] is der in rotonde, dêr't de [[Provinsjale wei 363 |N363]] einiget. Tusken [[Mensingeweer]] en [[Ulrum]] folget de dyk de rûte fan 'e eardere spoarline, de [[Spoarline Winsum - Sâltkamp|Marneline]] .
 
De dyk is in autowei tusken [[Aldtsjerk]] en [[Dokkum]], en tusken Dokkum -Noard en [[Lauwerseach]]. Fanwegen it feit dat de dyk de iennige haadwei is fan [[Dokkum]] nei [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], is er de wichtichste ferbiningswei tusken Ljouwert en Dokkum. Bewenners fan'e doarpen lâns de dyk hawwe lêst fan de drokte op de N361; de dyk rint de doarpsintra. Om't Dokkum in goede ferbining mei [[Hurdegaryp]] krige hat mei de fernijde [[Provinsjale wei 356|N356]], sil de N361 sa folle ferkear net mear te ferwurkjen krije. Ynwenners fan'e doarpen hawwe dêrom foarsteld dat de hjoeddeistige haadwei tusken Aldtsjerk en Dokkum op ien of oare manier auto-frijautolij makke wurdt.
 
Yn it ferline binne plannen makke om Winsum, Sauwerd en Adorp in rûnwei te jaan om't it ferkear deromhinne te lieden. De rûnwei by Winsum gie net troch. Op 24 jannewaris 2011 naam de gemeenteried fan Winsum in negatyf beslút oangeande de wize fan oanpakken fan de fierdere rûte nei Grins. Oanbuorjende boeren en natuerleafhawwers fan 'e [[Koningslaagte]] (part fan it [[Natuernetwurk Nederlân]]) by Grins fersetten harren tsjin de rûte troch it natuergebiet. It nije provinsjebestjoer fan Grinslân kundige op 4 april 2011 oan dat se it idee fan de oanlis fan in folslein fernijde N361 ferlitte.