Patriside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L +boarnen
LNo edit summary
 
Rigel 1:
'''Patriside''' of '''heitemoard''' is de [[moard]] op jins eigen [[heit]]. [[Skiednis|Skiedkundige]] foarbylden fan patriside binne: de [[Assyryske Ryk|Assyryske]] kening [[Sanherib]] (reg. [[704 f.Kr.|704]]-[[681 f.Kr.]]), dy't troch twa fan syn soannen fermoarde waard fanwegen syn ûntwijing fan [[Babylon]]; [[Iyasus I fan Etioopje|Iyasus I]] ([[1682]]-[[1706]]), inien fan 'e grutte kriger-keizers fan [[Abessynje]], dy't yn [[1706]] troch syn soan [[Tekle Haymanot I fan Etioopje|Tekle Haymanot I]] ôfset en letter fermoarde waard; Petar Petrović, dy't omtrint [[1786]] fermoarde waard troch syn soan [[Karađorđe Petrović]] ([[1768]]-[[1817]]), de lettere earste kening fan it moderne [[Servje]], om't er drige hie om syn famylje oan te jaan by de [[Osmaanske Turken]]. Yn 'e literatuer is nei alle gedachten it bekendste gefal fan patriside de moard troch [[Oidipoes]] op syn heit Lajos fan Tebe, dy't fêstlein is yn [[Sofoklês]] syn ferneamde [[trageedzje]] ''[[Kening Oidipoes]]''.
 
== Sjoch ek ==