Joris Ivens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Rigel 8:
 
== Kontroverses==
Ivens hat syn talint meardere kearen yn tsjinst steld fan totalitêre rezjyms. Yn 1931 sette hy ôf nei de [[Sovjet-Uny]] om foar it bewâld fan [[Jozef Stalin|Stalin]] de propagandafilm ''Het lied van de helden'' te meitsjen, oer de bou fan de nije stêd [[Magnitogorsk]] yn de Oeral. Dizze stêd waard foar in belangryk diel boud troch [[Goelag]]twangarbeiders, faak slachtoffers fan Stalin syn kollektivisearring fan de lânbou ('[[koelakken]]'). Ivens rjochte syn kamera leaver selektyf op de tûzenen [[Komsomol]]-frijwilligers en partijleden dy't ek yn Magnitogorsk wurken. De twangarbeiders soe hy letter fergelykje mei 'ûntúch'<ref>[http://www.dbnl.org/tekst/iven003aanw01_01/index.htm Joris Ivens en Robert Destanque, ''Aan welke kant en in welk heelal, De geschiedenis van een leven'', DNBL (2008)], Sitaat op side 107: "Ik vervloekte ze (koelakken in de Goelag van Magnitogorsk) ook wel eens, zoals je onkruid in je tuin vervloekt. Volgens de mensen in Moskou waren ze daar om het socialisme te ‘leren’, in werkelijkheid zonnen ze slechts ompop midddelenmiddelen om het te vernietigen."</ref><ref>''Magnitogorsk, jeugd van de hoogovens'', [[Pieter Jan Smit]] (1996; dokumintêre)</ref>,<ref>''Gevaarlijk leven'', Hans Schoots</ref>. Ek it Maoistyske [[Folksrepublyk Sina|Sina]] hat Ivens tsjinne; yn 1976 foltôge hy ''[[Hoe Yukong de bergen verzette]]'', in film wêryn Mao's [[Kulturele Revolúsje]] ferhearlike wurdt.
 
Ivens waard 'persona non grata' yn syn bertelân neidat hy yn Austraalje in film makke ta ûndersteuning fan de ûnôfhinklikheidsbeweging yn [[Yndoneezje]]. Syn oanfarring mei de koloniale autoriteiten by it meitsjen fan de film [[Indonesia calling]] late derta dat hy fan 1948 oant 1957 ferplichte waard elke trije of fjouwer moannen syn paspoart opnij ferlingje te litten. In hannelwize dêr't de Nederlânske Steat yn 1985 har ferûntskuldigingen foar oanbean hat.