Terkaple: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L fl
Rigel 118:
''Per order van G. YPMA te Arum, de eerste steen gelegd door TRIJNTJE GERKES SCHAAFSMA, den 24 Juni 1874''. Trijntje wie in dochter fan Gerke Schaafsma.
 
Fia Leendert Noordmans kamen de tekeningen dy’t hjir ôfbylde binne. Se binne yndertiid makke troch Rinze Terpstra fan [[Akkrum]] op oanwizings fan Lieuwe Riemersma dy’t in grut part fan syn libben neist it kafee wenne hat. Skean efter it kafee stie in lyts húske dêr’t earst de Schaafsma’s en letter famylje Jan Baukes van Dijk yn wenne. Van Dijk wie de opfolger fan Schaafsma as kastlein. Men wenne dus net yn it kafee, mar der achter. It sil lyts wenjen west ha sa mei de hele famylje. Oan de oare kant fan it kaqfeekafee stie de hynstestâl, tusken it kafee en Riemersma yn. As de namme “schutstal” ek werklik op de stâl stien hat is ûnbekend; it kin ek in betinksel fan de tekener west ha. Mar it hat der by de brêge wol sa útsjoen om it jier 1900 hinne. Der siet in steechje tusken de stâl en it hûs fan de Riemersma’s. Lieuwe Riemersma (berne ±1906) fertelde yndertiid oan Noordmans dat hy as jonkje troch in rútsje sjen koe at der immen kaam om in hynder yn de stâl te bringen en dat hy dan rap troch it steechje draafde om it hynder fêst te setten. Hy krige dêr dan 2 sinten foar dêr’t hy wakker bliid mei wie. Doe’t widdo Schaafsma, har eigen namme wie Neeltje Speerstra, it kafee noch runde en sy woe jûns let net mear skinke, dan pakten de mannen “tante Neel” beet en hongen har driigjend boppe de reinwetterbak. No, dan moast tante Neel dochs noch mar ien ynjitte.
 
In moai ferhaal oer Jan Baukes van Dijk is it folgjende: in groep opslûpte jonges soe nei it kafee, mar gie earst stiekem nei it foarriedhok derneist. Dêr dronken se it reservekret bier leech. Doe gongen se it kafee yn en bestelden bier. Van Dyk hie nei in skofke it bier op, soe nei syn foarrie, mar dy wie ek op. Hy woe dat net witte litte nei de mannen ta (en woe ek gjin nee ferkeapje) en gong op de fyts nei De Jouwer om in nij kret bier. De gasten wachtten wol even! Jan Baukes van Dijk hat it kafee hân oant 1939. Doe wie yntusken it Centrum boud en koenen dêr alle aktiviteiten plakfine. Jan Baukes woe it kafee dochs al graach kwyt; hy woe leaver buorkje. It âlde kafee is doe ôfbrutsen, tagelyk mei it lytse skeve húske en der is in pleatske wer opboud. It hûs fan de pleats is wer op de âlde fûneminten boud; in achterste muorre is sels stean bleaun en wer brûkt yn de nije wenning. Dit is de wenning sa’t dy der no stiet.