Luchtbân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
neffens Taalweb
L fyn ik gjin moaie skriuwwize, mar yn elts gefal kin it skeanskriuwen dan fuort
Rigel 2:
In '''luchtbân''' is in opblaasber ringfoarmich ûnderdiel fan in modern [[tsjil]] dat oer de [[felch]] hinne oanbrocht wurdt. It is in holle bân fan [[rubber]], dy't (faak fia in [[fentyl]]) opfolle wurdt mei [[lucht]]. Sokke bannen wurde brûkt foar [[auto's]], [[frachtwein]]en, [[autobus]]sen, [[motorfyts]]en, [[bromfyts]]en, [[fyts]]en, [[trekker (lânbou)|trekkers]] en oare [[lânbou]]wurktugen, [[kraan (masine)|kranen]], [[shovel]]s en oar swier materieel, [[fleanmasine]]s, [[oanhingwein]]en, [[caravan]]s, [[kroade]]n, [[rolstoel|rolstuollen]] en withoefolle oare tapassings. De luchtbân waard yn [[1841]] útfûn troch de [[Skotlân|Skot]] [[Robert William Thomson]], dy't syn [[patint]] lykwols yn [[1888]] ferrinne liet, wêrnei't syn lânsman [[John Dunlop]] dermei oan 'e haal gie. Ear't der rubberen bannen ûntwikkele wiene, besloech men [[hout]]en tsjillen simpelwei mei in bân fan [[izer]] om skansearjen en slitaazje tsjin te gean.
 
De materialen dy't brûkt wurde foar de makkelei fan luchtbannen binne [[syntetysk rubber]], [[rubber|natuerlik rubber]], [[weevjen|weve stof]], [[tried]], [[swartsel]] (ek wol bekend as ''carbon black'') en oare [[gemy]]ske produkten. Yn 'e bûtenkant fan 'e bân is yn it rubber hast altyd in [[profyl (bân)|profyl]] oanbrocht, dat soarget foar [[traksje|ôfsettingskrêft]] tusken de bân en it [[weidek]], en dêr't [[wetter]] op 'e [[ferhurde wei|wei]] troch ôffierd wurde kin, sadat ''[[akwaplaning]]'' foarkomd wurde kin. Teffens soarget de lucht yn 'e bannen foar in beskaat skokabsorbearjend fermogen.
 
Foarhinne bestie in luchtbân út in tinne [[binnenbân]], dy't de eigentlike lucht fêsthold, en in tsjûkere en stevigere [[bûtenbân]], dy't it kontakt mei it weidek makke. By fytsen is dat tsjintwurdich noch sa. Moderne autobannen, lykwols, hawwe eins frijwol nea mear binnenbannen, om't de nije konstruksje fan 'e bûtenbân dat net talit. De sydkanten ('wangen') binne dêr nammentlik te slop foar, wylst de binnenkant der te rûch foar is. In binnenbân soe dan by de bûtenbân lâns skuorje, mei as gefolch dat er te waarm wurde en lek gean soe. Fierders binne ek moderne autofelgen net geskikt foar binnenbannen. Sadwaande wurdt by de binnenbânleaze ([[tubeless]]) autobân troch de [[bannespanning]] de râne ('hakke') fan 'e luchtbân stevich tsjin 'e felch oandrukt sadat de lucht streekrjocht yn 'e bûtenbân pompt wurde kin sûnder dat dy ûntsnapt. It fentyl sit sadwaande no yn 'e regel yn 'e felch ynboud.