Kutná Hora: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Frysk (tink ik)
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 23:
 
== Skiednis ==
[[File:Silver mining in Kutná Hora 1490s.jpg|thumb|200px|left|<center>''Sulverminen yn Kutná Hora (1490)''</center>]]
De oarsprong fan de stêd is sûnder mis Dútsk en giet werom op de stifting fan it [[Sistersjinzers|sistersjinzerske]] kleaster Sedletz. De muontsen fan it kleaster kamen fan de [[abdij Waldsassen]] by [[Regensburg]]. Neffens in oerlevering soe ien fan de [[muonts]]en by syn wurk op de wynberch it earste [[sulver]] fan de stêd ûntdutsen ha en om it plak werom te finen lei de muonts dêr syn ''Kutte'' del, it [[Midheechdútsk]]e wurd foar it [[habyt]]. Sa soe de lettere Dútsktalige namme 'Kuttenberg' ûnstien wêze. De ûntdekking fan sulver soarge fanôf 1260 foar in migraasje fan Dútske mynwurkers, dy't harren op it plak nei wenjen wetten. De minen leine fuort ûnder it gebiet fan de delsetting; twa rosmûnen yn it stedsgebiet herinnerje dêr tsjintwurdich noch oan. In dokumint út 1326 fan in list fan magistraten hat allinne Dútske nammen en it ''Kuttenberger Bergmannslied'' út 1414 is ien fan de âldste oerlevere Dútske mynwurkerslieten.