Hilligerlee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 25:
| webside =
}}
'''Heiligerlee''' (âldfrinzich Frysk: ''Hilligerlee'', [[Grinslânsk]]: ''Kloosterholt'') is in [[lintdoarp]] yn de gemeente [[Aldamt (gemeente)|Aldamt]] yn de provinsje [[Grinslân]]. It doarp hie yn 2019 neffens it [[Centraal Bureau voor de Statistiek|CBS]] 1.440 inwoners.
 
== Algemien ==
Rigel 40:
 
Yn it earste gefal soe it gean kinne om de lytse rivier de [[Rensel]], dêr't it [[Aldfrysk]]e wurd foar "streamen", ''rene'', ferbûn mei it eftrerheaksel ''-ele''("wetterrin"). Dy rivier rûn besuden it kleaster. De namme fan it buordoarp Winsewida tsjut op bosk (''-widu'', ''-wida'' dat "bosk" of "wâld" betsjut).
 
It foarheaksel ''hillig-'' ferwiist nei it [[kleaster]]. Heiligerlee sil dan nei alle gedachten "hillige wetterrin" of "hillich bosk " betsjutte.
 
Der binne dêrnjonken noch in stikmannige ferklearrings wêr't de namme wei komme soe, mar dy komme taalkundich sjoen tekoart oan goed bewiisgrûn. De âlde namme ''Hilligerlee'' soe neffens ien fan dy ferklearrings ôflaat wêze fan ''hill'', en ferwize nei in heuvel of leaver sein in heger stik sângrûn. [[Kornelis ter Laan]] skreau yn [[1954]] dat mei''lee'' "bosk" bedoeld waard, mar skriuwt earne oars dat it "hillige heuvel" betsjutte soe. J. Bergsma skreau yn [[1884]] dat de namme Heiligerlee "grêf fan mûntsen" betsjutte soe, wylst dêr gjin mûntsen, mar nonnen wennen. Neffens A.J. Smith moat it efterheaksel ''-lee'' as ''lei'' of ''leite'', dat "lijte" betsjut, sjoen wurde. Hy ferklearre dat Heiligerlee as "wenplak yn de lijte fan de beammen" lêzen wurde moatte soe.
 
Hilligenley is ek in [[terp]] op it [[Noardfryske eilannen|Noardfryske eilân]] [[Langeneß]]. De kontroversjele Dútske skriuwer [[Gustav Frensen]] joech yn [[1905]] in boek út dêr't hy de betsjuttenis "hillich lân" brûkte
 
Yn it [[Grinslânsk]] wurdt it doarp ek wol ''Kloosterholt'' neamd. Dy namme komt fan it eardere kleaster. Kloosterholt wie oant de iere [[tweintichste iuw]] in apart buorskip.