Wikipedy:Oerlisside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Lebel: Bulkberjocht
→‎Community open letter on renaming: duorre efkes, siet wat húswurk yn
Rigel 162:
Foar wa't it ynteressearet: ek al spilet de no al moannen duorjende diskusje oer de ''Rebranding Strategy'' har fier fan ús wei ôf, dy sil ek foar dizze wikipedy gefolgen hawwe. Wêr't it op dit stuit oer giet, is al net iens mear yn it foarste plak dat plan, mar de wize wêrop't de WMF it der oer de rêgen fan alle mienskippen hinne troch rame wol. Dêrom wol ik jimme efkes wize op it bestean fan [[:m:Community open letter on renaming|dizze iepen brief]] oan de Wikimedia Foundation. [[User:Wutsje|Wutsje]] 28 jun 2020, 23.16 (CEST)
:{{Ping|Wutsje}} Tankjewol dat jo ús hjir op wize, want dit wie hielendal by my lâns gien. Nei't ik in oere fergriemd haw mei my yn dit spul te ferdjipjen, begryp ik earlik sein noch altyd net wêr't sa'n omneaming goed foar is. Dit is wat je krije, bin ik bang, as in projekt lykas Wikimedia slûpenderwiis oernommen wurdt troch lju dy't nocht hawwe oan burokrasy. Soene jo, Wutsje, ris yn it koart útlizze kinne hokfoar gefolgen sa'n ''rebranding'' neffens jo foar de Fryske Wikipedy hawwe sil? Want dat is my noch net dúdlik. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 29 jun 2020, 00.39 (CEST)
 
::It is gjin koart ferhaal wurden, mar ik sil besykje út te lizzen wat hjir neffens my yn de kearn fan 'e saak spilet: spul oer de fraach yn hoefier de ôfsûnderlike WMF-projekten autonoom binne c.q. wêze meie.
 
::Alle WMF-projekten kinne yn essinsje allinnich bestean by de graasje fan twa dingen: de tiid dy't troch al dy frijwilligers fergees yn de ynhâld derfan stutsen wurdt, en it jild dat nedich is om de domeinnammen, de servers en de ynternetferbiningen yn 'e loft te hâlden. De WMF waard yn 2003 oprjochte en ferantwurdlik makke foar dy technyske saken en foaral foar it ynheljen fan donateursjild. Har rol wie stypjend bedoeld. Yn 2007, doe't ik mei in meidoggersnamme mei dizze noch altyd boeiende leafhawwerij oan 'e gong gie, wie de WMF noch mar in lytse klup: der waarden noch gjin 10 fte oan minsken foar harren wurk betelle, de rest wie frijwilliger ([https://web.archive.org/web/20070629041021/http://wikimediafoundation.org/wiki/Current_staff kepp]). Dat is al oars wurden: yn 2018 wurken der by de WMF al mear as 300 minsken ([https://web.archive.org/web/20180812083156/https://wikimediafoundation.org/role/staff-contractors/ kepp]) en hjoed-de-dei sels mear as 350 ([https://wikimediafoundation.org/role/staff-contractors/ kepp], [https://archive.vn/hPXye arg]).
 
::Wat it jild dat yn de WMF omgiet oanbelanget: der binne sifers oer de fiskale jierren 2004 o/m 2018 ([[:en:v:Statistical_analysis_of_Wikimedia_Foundation_financial_reports#Spreadsheets_and_graphs|kepp]]). Dêryn fine jin bygelyks, dat yn 2007 oan ''salaries and wages'' $415.006 útjûn waard (20% fan $2.077.840, de útjeften fan dat jier) en yn 2018 $38.597.407 (leafst 47,4% fan $81.442.265). Mar: de útjeften foar ''internet hosting'' giene yn deselde perioade fan $389.417 (18,7%) nei $2,342,130 (noch mar 2,9%). Ek al omdat de WMF-projekten yn dy tiid folle grutter wurden binne ([https://w.wiki/Vj5 2007], [https://w.wiki/Vj7 2018], sjoch foar inkeld wikipedyen ek [https://w.wiki/Vtk hjir]), fernuveret it dan net dat Wikipedia by riten troch de poatsjes sakket ([https://archive.is/cPA4o fb], [https://archive.is/0bSZR fb]) of in hege ''replag'' hat ([https://archive.is/9McnM fb]; de ''replication lag'' seit wat oer de faasje wêrmei't wizigingen yn de databases ferwurke wurde: wat flugger, wat better; is de ''replag'' heech, dan moatte jin bgl. langer wachtsje foar't resinte bewurkingen yn de sykmasines opdûke). Jin tinke dan: dêr mei noch wol wat jild by, ''wikipedia.org'' heart ommers ta de bêst besjoene domeinnammen yn 'e wrâld ([https://archive.vn/M84rb kepp]) en soe mei sa'n slompe dollars yn 'e bûse domwei nea ''down'' wêze meie.
 
::Mar, yndied, in organisaasje kin yn sa'n tiid nea sa grut en ryk wurde sûnder dat burokrasy de kop opstekt - en sa't we witte: dy wol harsels yn stân hâlde, ûnbewust, sûnder kweade wil en nei alle gedachten sels wol goederbêstens, se is gjin selsstannich tinkend organisme, mar dochs. Sa'n klup, dêr't in laach fan bûten yn tsjinst nommen managers en kommunikaasje-spesjalisten hieltyd mear te sizzen kriget allinnich al omdat dy geandewei grutter wurdt, betinkt dus putsjes en dan komme projekten op 'e lappen as in diskusje oer de [[:m:Strategy/Wikimedia movement/2017/Direction|strategy direction]], [[:m:Strategy/Wikimedia_movement/2018-20/Recommendations|strategy recommendations]] en dus ek dat [[:m:Communications/Wikimedia brands/2030_movement_brand_project|rebranding project]]. It moat fansels allegear yn it Ingelsk, mar de taal dy't brûkt wurdt, wurdt stadichoan diziger en dêrop wize helpt gjin sprút ([[:m:Talk:Movement_Learning_and_Leadership_Development_Project#Defining_"leadership"|fb]]). De ôfstân tusken de frijwillige ''workers on the plantation'' en de WMF-bestjoers''bubble'' wurdt, fansels sûnder opsetsin mar ûnûntkomber, grutter en grutter.
 
::No hawwe we mei dy WMF wol it ien en oar meimakke. Op de Ingelske wikipedy kinne jin dêr wat oer lêze ([https://w.wiki/VjH kepp]), mar der is mear bard. Trije foarbylden. Doe't er yn 2010 noch sels oan it roer siet, sloech it Wales yn 'e plasse en begûn er op Wikimedia Commons ynienen tsjin alle belied yn en sûnder konsensus of sels mar diskusje in bult plaatsjes fuort te donderjen dy't er pornografysk fûn, wêrûnder ferneamde ôfbyldingen fan wurk fan keunstners as Klimt. Dêr kaam doe fuortendaliks in dúdlike korreksje fan de WMF-mienskip op ([[:c:Commons:Village_pump/Archive/2010/05#Sexual_content|kepp]]; sels wie ik doe sa poerrazend dat ik my ferlege haw ta [https://commons.wikimedia.org/w/index.php?title=User_talk:Jimbo_Wales&oldid=38904241#Thank_you dizze reaksje]) en dêrnei wie it ek wol sa goed as dien mei de formele macht fan de man. Yn 2014 spile de [[:m:Superprotect|superprotect]]-affêre. By de WMF hie immen betocht dat it moai wêze soe en krij de macht om út San Fransisco wei op elk projekt siden sa te skoatteljen, dat sels behearders dêr neat mear oan dwaan kinne. Doe't dy mooglikheid noch deselde dei op 'e Dútske wikipedy brûkt waard om harren, wylst dy noch lang net klear wie, de ''Visual Editor'' troch de strôte te triuwen, stuts dêr in stoarm op dy't al rillegau oersloech nei oare projekten. Uteinlik moast de WMF wol belies jaan. Ferline jier wie der dan noch de sabeare [[:en:WP:FRAMBAN|Fram ban]]: de WMF ornearre dat it nedich wie om mei in [[:m:OFFICE|office action]] yn te gripen yn de autonomy fan en:wiki. Dêr kaam úteinlik [https://w.wiki/VjM dit] fan. Dat is noch net lang lyn en dy saak heucht noch hiel wat minsken.
 
::Sa kom ik dan by dat ''rebranding project''. De WMF seach ris wat om har hinne ([[:c:File:Wikimedia brand strategy comparing Wikimedia projects with private companies.png|kepp]]) en krige doe it idee om alle WMF-projekten ûnder de plu fan de namme ''Wikipedia'' te bringen, want dat soe foar fan alles better wêze, sjoch [[:m:Communications/Wikimedia brands/2030 movement brand project|hjir]]. Dêr kinne jin ynhâldlik fansels fan alles fan tinke, yn it foarste plak al fan de ûnderlizzende premisses, mar de saak is hoe dan ek al nuver oanpakt. Der waard û.o. in ferneamd en nei alle gedachten prizich ynternasjonaal ''brand design office'' ynskeakele, [[:en:Snøhetta_(company)|Snøhetta]] (sjoch ek [https://snohetta.com/projects/488-new-visual-identity-for-the-wikipedia-movement hjir], [https://archive.vn/zq44v arg]) en der binne oeral wei op kosten fan de WMF minsken nei Oslo en Bangalore flein om it deroer te hawwen. Doe't it beslút oer dy ''rebranding'' al nommen wie en oan de mienskippen foarlein waard, wie dat ''sûnder de opsje om nee te sizzen'' en boppedat mei nuvere arguminten. De slimste wie wol de wize fan berekkenjen fan de stipe foar harren fynst: yn in earder stadium hawwe 9000 minsken de side oer dit plan besjoen, dêrfan hawwe 57 beswier makke, dus fan de minsken dy't ynformearre binne, is mar 0,6% tsjin ([https://w.wiki/Sk7 kepp]). As jin soks lêze, witte je dat je foar de kroade riden wurde. Mear minsken tochten der sa oer ([https://w.wiki/Sk6 kepp]) en wat letter kaam in soarte fan [https://w.wiki/Sk5 rektifikaasje], mar de opstân dy't doe al fan ûnderop útbrutsen wie (sjoch [[:m:Requests for comment/Should the Foundation call itself Wikipedia|dizze RfC]], de grutste en langst rinnende út de skiednis fan de WMF) giet noch hieltyd troch en de WMF hat dêr noch gjin antwurd op.
 
::Dy [[:m:Community open letter on renaming|iepen brief oan de WMF]], by myn witten de alderearste yn har bestean, moat yn dat ramt sjoen wurde. De minsken en ''chapters'' dy't al tekene hawwe en dy't tegearre letterlik tûzenen jierren oan wiki-ûnderfining represintearre, meitsje harren allegearre soargen oer de wize wêrmei't de WMF mei dizze saak omgiet: oant no ta sûnder har wurklik wat oan te lûken fan al dy mienskippen. Yntusken wurdt der no ek praat fan in [[:m:Universal_Code_of_Conduct|Universal Code of Conduct]], wêrmei't de WMF as se dat nedich fynt ek al wer op projekten yngripe kinne wol. Ik wol net sizze dat soks altyd in min idee is, foar projekten sûnder behearders of wêr't tusken behearders slaande deilis is kin dat faaks wol wat wêze (al bestiet foar sokke situaasjes op Meta al jierren de side [[:m:GRFC|Requests for comment]]), mar sjoen it ferline en sûnt by de WMF mear en mear managers en ''p.r.''-minsken ynfloed hawwe, is it dreech en wurdt nettsjinsteande it [[:en:WP:AGF|AGF-begjinsel]] út en troch dochs net wat erchtinkend as it om guon fan har nije plannen giet.
 
::Oer de fraach hokker gefolgen dy ''rebranding'' foar dizze wikipedy hat: as dy trochgiet, sil it plaatsje rjochtsûnder eltse side wol ferfongen wurde troch ien mei de tekst ''a WIKIPEDIA project''. Hjir is dat net sa slim, dit ís ommers ek in wikipedy, mar op al dy hûnderten WMF-projekten dy't no krekt gjín wikipedy binne, komt nei alle gedachten as it oan de WMF leit ek sa'n nije ôfbylding te stean en dan wurdt it - fyn ik - al wat in tizeboel. Ik hoopje hjirbopppe lykwols dúdlik makke te hawwen, dat it probleem foaral sit yn de tinkwrâld fan guon WMF-minsken en dat de fraach dêrom eins wêze moat: wat wol dy WMF no mei ús c.q. hoe sille wy, de frijwilligers sûnder wa't dy hiele WMF net bestean soe, mar dy't sûnder dy WMF likemin harren kennis mei eltsenien diele kinne, as it om dy tinkwrâld giet mei har oan? [[User:Wutsje|Wutsje]] 2 jul 2020, 17.54 (CEST)
 
== Annual contest Wikipedia Pages Wanting Photos ==