Wikipedy:Oerlisside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Lebel: Bulkberjocht
Rigel 179:
::Oer de fraach hokker gefolgen dy ''rebranding'' foar dizze wikipedy hat: as dy trochgiet, sil it plaatsje rjochtsûnder eltse side wol ferfongen wurde troch ien mei de tekst ''a WIKIPEDIA project''. Hjir is dat net sa slim, dit ís ommers ek in wikipedy, mar op al dy hûnderten WMF-projekten dy't no krekt gjín wikipedy binne, komt nei alle gedachten as it oan de WMF leit ek sa'n nije ôfbylding te stean en dan wurdt it - fyn ik - al wat in tizeboel. Ik hoopje hjirbopppe lykwols dúdlik makke te hawwen, dat it probleem foaral sit yn de tinkwrâld fan guon WMF-minsken en dat de fraach dêrom eins wêze moat: wat wol dy WMF no mei ús c.q. hoe sille wy, de frijwilligers sûnder wa't dy hiele WMF net bestean soe, mar dy't sûnder dy WMF likemin harren kennis mei eltsenien diele kinne, as it om dy tinkwrâld giet mei har oan? [[User:Wutsje|Wutsje]] 2 jul 2020, 17.54 (CEST)
::Oanfolling: oant 7 july kinne jo de WMF [https://wikimedia.qualtrics.com/jfe/form/SV_9G2dN7P0T7gPqpD hjir] fertelle wat jo fan dy ''rebranding'' fine. De ''status quo'' is gjin opsje. [[User:Wutsje|Wutsje]] 2 jul 2020, 19.58 (CEST)
 
:::{{Ping|Wutsje}} Tankjewol foar jo tige yngeande beskriuwing fan 'e sitewaasje. Dêr hat wol in pear oerkes wurk yn sitten, wol ik wedzje. Ik haw it hiele epistel lêzen en hjir en dêr bin ik fia ien fan 'e links yn in soarte fan kninehoale rûgele as wie 'k Alice yn Wûnderlân. Dit is no krekt wêrom't ik my oer it algemien sa min mooglik besykje te bemuoien mei Wikimedia bûten de Fryske Wikipedy. It skeelt jin in bulte argewaasje. Ik besef dat soks strúsfûgelpolityk is, mar je leve der wol langer troch. Ynhâldlik diel ik jo noed oer wêr't it hinne giet mei Wikimedia. Ik haw it iepen brief en RfC ûndertekene, ''for all the good it will do''. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 3 jul 2020, 00.02 (CEST)
 
== Annual contest Wikipedia Pages Wanting Photos ==