2 Guns (film)

film út 2013 fan Baltasar Kormákur

2 Guns (ek wol skreaun as Two Guns) is in Amerikaanske plysje-, misdie- en aksjekomeedzjefilm út 2013 ûnder rezjy fan Baltasar Kormákur, mei yn 'e haadrollen Denzel Washington en Mark Wahlberg. De titel betsjut "2 Pistoalen". De film is basearre op 'e stripsearje mei deselde namme. It ferhaal giet oer twa leden fan twa ferskillende Amerikaanske plysjetsjinsten, dy't allebeide undercover geane yn 'e ûnderwrâld en dêr mei-inoar gearwurkje, mar faninoar net witte dat se plysjes binne. As beiden ferret wurde troch harren superieuren, binne op inoar oanwiisd. 2 Guns krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie in beskieden súkses yn 'e bioskopen.

2 Guns
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Baltasar Kormákur
produsint Marc Platt
Randall Emmett
Norton Herrick
Adam Siegel
George Furla
Ross Richie
Andrew Cosby
senario Blake Masters
basearre op de striprige fan Steven Grant
   en Mateus Santolouco
kamerarezjy Oliver Wood
muzyk Clinton Shorter
filmstudio Marc Platt Productions
Emmett/Furla Films
Envision Entertainment
Herrick Entertainment
Boom! Studios
distribúsje Universal Pictures (Fer. St.)
Sony Pict. Releasing (ynternasj.)
spilers
haadrollen Denzel Washington
Mark Wahlberg
byrollen Paula Patton
Edward James Olmos
Bill Paxton
James Marsden
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 30 july 2013
foarm langspylfilm
sjenre plysje-misdie-aksjekomeedzje
taal Ingelsk (ek wat Spaansk)
spyltiid 109 minuten
budget en resultaten
budget $61 miljoen
opbringst $131,9 miljoen

Plot bewurkje seksje

Twa Amerikaanske kriminelen, de swarte Bobby Trench en de blanke Michael "Stig" Stigman, bringe in besyk oan 'e Meksikaanske hacienda fan drugsbaron Papi Greco, om yn ruil foar in bondel ferfalske paspoarten in lading kokaïne op te heljen. Papi hat lykwols krekt in swakke skeakel yn syn eigen organisaasje eliminearje moatten, en hy is dêrom skruten om in nije konneksje oan te gean mei de klant dy't Trench fertsjintwurdiget. Dêrom biedt er oan om ynstee te beteljen mei kontant jild. Trench wegeret dat oan te nimmen en ferlit de hacienda yn it selskip fan Stig sûnder wat bedijd te hawwen.

As de beide mannen de grins oerstekke nei de Feriene Steaten, wurde se oanholden troch de dûane, dy't derfan oertsjûge liket dat se drugs oan it smokkeljen binne. De beide mannen wurde apart faninoar ûnderfrege. Dan docht bliken dat Trench eins in spesjaal agint is fan 'e Amerikaanske narkotikabrigade, de Drug Enforcement Administration (DEA), dy't dwaande is mei in undercoveroperaasje om by de organisaasje fan Papi Greco te ynfiltrearjen. Hy rapportearret oan syn superieuren Deb Rees en Jessup dat it plan om kokaïne los te krijen fan Papi net slagge is. Jessup fynt dat it te gefaarlik wurdt foar Trench, mar dyselde hat trije jier fan syn libben ynvestearre om sa ticht by de drugsbaron komme te kinnen, dat hy is noch net ree om it byltsje derby del te smiten.

Trench en Stig betinke in plan om Papi Greco in leske te learen. De drugsbaron hat nammentlik in jonge mêtresse yn it stedsje Tres Cruces yn Teksas te wenjen, dy't er ienris yn 'e fjirtjin dagen besiket. Eltse kear nimt er in tas mei kontant jild mei út Meksiko, dat er fertsjinne hat mei drugshannel. Dat slacht er op yn in bankklúske by de pleatslike bank. Trench en Stig wolle dat jild, sa'n 3 miljoen dollar, stelle troch in bankberôving út te fieren.

De DEA hat net genôch bewiismateriaal om yn it bankklúske fan Papi Greco sjen te meien, mar Trench ornearret dat by it ûndersyk nei de bankberôving fierders gjin ferlet is fan bewiismateriaal, salang't de bút mar fuortendaliks weromfûn en yn beslach nommen wurdt. Papi Greco sil dan yn beskuldiging steld wurde kinne foar wytwaskjen. Dêrom regelet er mei Deb, mei wa't er behalven in profesjonele ek in seksuele relaasje ûnderhâldt, dat de DEA by de bankberôving klear stean sil om him en Stig oan te hâlden sadree't se mei de bút út 'e bank nei bûten komme.

Wylst Trench mei Deb op bêd giet en de plannen foar de bankoerfal regelet, hat Stig, dy't eins in Navy SEAL-kommando is dy't wurket foar it Office of Naval Intelligence (ONI), de ynljochtingetsjinst fan 'e Amerikaanske Marine, in moeting mei syn eigen superieur, luitenant-op-see 1e klasse Harold Quince. Dy is bot ynnommen mei it plan foar de bankoerfal, mei't it ONI fan doel is de $3 miljoen fan Papi Greco te brûken foar de finansiering foar swarte operaasjes. Quince jout Stig opdracht om nei de bankoerfal Trench dea te sjitten, sadat der gjin losse eintsjes binne dy't nei de marine liede kinne.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Mei de bankoerfal giet it dat it slydjaget. Mar út 'e bankklúskes helje Trench en Stig net $3 miljoen, mar mear as $43 miljoen. By beide mannen geane dêrtroch de alaarmbellen ôf. By Trench boazet it gefoel fan ûngerêstens noch oan as der taal noch teken fan 'e DEA is as hy en Stig mei de bút út 'e bank wei komme. Op in ôfhandich plak yn 'e woastyn folget Stig syn oarder op troch Trench te ferrieden en mei it jild út te naaien. Hy lûkt syn pistoal om Trench dea te sjitten, mar ynstee dat er him troch it hert sjit, rekket er him yn it skouder. (Mei't er in earsten skerpskutter is, dy't nea mist, docht er dat mei sin; hy is Trench nammentlik yn 'e acht moannen dat se no gearwurkje as in freon begûn te beskôgjen.)

Neitiid sjocht er it ynsinje fan 'e DEA dat Trench yn 'e hân hie, om't dyselde op it stuit stie himsels bekend te meitsjen en Stig te arrestearjen. Unwis wat er dêrfan tinke moat, lit Stig Trench ferwûne en mei in fleske wetter yn 'e woastyn efter. By in nije moeting mei Quince en inkele matroazen bekent Stig dat er, nettsjinsteande dúdlike oarders dêrta, Trench net deade hat. Quince lit him nei it plak ta bringe dêr't Stig Trence delsketten hat, om Trence dochs noch út 'e ljochten te helpen, mar de fûgel is flein. Dêrop jout Quince syn mannen befel om Stig te deadzjen. Dy is harren lykwols te fluch ôf en naait út. Trench hat yn 'e tuskentiid de bewenne wrâld wer berikt, dêr't er syn skotwûne klandestyn oplaapje lit troch in bistedokter.

Underwilens wurdt de bankberôving net inkeld ûndersocht troch de plysje, mar ek troch in trijetal mysterieuze manlju ûnder lieding fan 'e ûnmeilydsume Earl. Dy ûnderfreget op hurdhannige wize de bankdirekteur en komt Trench en Stig op it spoar fia in besyk dat de beide mannen in dei earder brocht hawwe oan it kafetaria yn Tres Cruces, lyk foar de bank oer. (Dêr't se de sitewaasje beseagen en de lêste hân leine oan 'e plannen foar de oerfal.) Letter kriget deselde bistedokter dy't Trench behannele hat, besite fan Earl-en-dy, dy't him martelje om ynformaasje los te krijen oer Trench.

Trench bejout him nei it appartemint fan Stig om it jild werom te krijen, mar wurdt dan opskille troch Stig, dy't mei in skerpskuttersgewear op it dak fan in oanbuorjend gebou leit. Op dat stuit kriget Trench foar it earst yn 'e gaten dat Stig ek in undercoveragint is. In oprommingsteam dat troch Quince stjoerd is, kringt it appartemint binnen om Stig te deadzjen, mar treft dêr ynstee Trench oan. Mei help fan Stig wit Trench nauwerneed te ûntkommen. Hy giet nei Jessup om it hiele fiasko op te bychtsjen, mar wurdt dêr opwachte troch Earl en syn mannen, dy't Jessup oermastere hawwe. Earl sjit Jessup dea en fertelt dan oan Trench dat er derfoar soargje sil dat Trench foar de moard op syn baas efter de traaljes ferdwynt as er de $43 miljoen net weromjout.

Trench en Stig fetsje dêrnei los faninoar itselde plan op: om Papi Greco te ûnderfreegjen. Se ride inoar dêrby yn 'e tsjillen en beslute úteinlik om 'e lapen mar gear te smiten, mei't se no dochs yn itselde skûtsje sitte. Se ûntfiere Papi Greco en nimme him mei nei de garaazje fan Deb har hûs, dêr't Trench de kaaien fan hat. Ut 'e antwurden fan 'e drugsbaron meitsje se op dat Earl-en-dy aginten fan 'e CIA binne, dy't troch ôfparsing 7% fan 'e ynkomsten fan 'e Meksikaanske drugskartels ynsammelje om dêrfan de swarte operaasjes fan 'e ynljochtingstsjinst te finansieren.

As Deb thús komt, is se feralterearre om Trench, Stig en Papi Greco yn har garaazje oan te treffen. It hûs wurdt koart dêrnei oanfallen troch de mannen fan Quince, mar Trench, Stig en Deb witte te ûntkommen. Spitigernôch jildt datselde ek foar Papi, dy't in mobile tillefoan wit te bemachtigjen en de leden fan syn binde te help ropt. Trench en Stig wurde finzennommen en oerbrocht nei de hacienda fan Papi yn Meksiko, dêr't de drugsbaron harren martelet oant se omlyk wolle. Dan lit er harren sjen dat er ek Deb yn 'e hannen krigen hat. Hy jout Trench en Stig 24 oeren om him de $43 miljoen te bringen, oars sil er Deb fermoardzje.

Stig hat Quince sizzen heart dat er it jild nei it Marineloftstasjon Corpus Christi yn Corpus Christi (Teksas) oerbringe soe, dat nei't se mei muoite de Amerikaanske grins wer oerkommen binne, sette de beide mannen dêrhinne. Trench kringt op 'e marinebasis it kantoar fan Quince binnen, dêr't er ûntdekt dat Quince ek in seksuele relaasje mei Deb ûnderhâldt. It docht bliken dat Quince en Deb de hiele operaasje mei de bankberôving fan begjin oant ein manipulearre hawwe, sadat se sels de $43 miljoen efteroer drukke koene. De bút befynt him lykwols net yn Quince syn kantoar. Underwilens bejout Stig him nei skout-by-nacht Tuwey, de kommandant fan 'e basis, oan wa't er alles útleit. Lykwols, ynstee dat Tuwey him helpt, beslút er alle bannen mei sawol Stig as Quince te ferbrekken, om't syn earste soarch de reputaasje fan 'e Amerikaanske Marine is. Trench wit de marinebasis te ferlitten yn 'e momkape fan in marine-ofsier, wylst Stig troch de militêre plysje fan it basisterrein smiten wurdt. Mei't se it jild net fine kinne, hâldt Papi Greco wurd en sjit Deb dea. Neitiid ûntdekt Trench, te let, de lokaasje fan it jild, yn in motelkeamer dêr't hy en Deb inoar gauris troffen.

Stig keart werom nei de hacienda fan Papi Greco om wraak te nimmen op 'e drugsbaron. Hy makket sawol Papi as Quince wiis dat er it jild by him hat en besiket de beide groepen fijannen safier te krijen dat se inoar útmoardzje. Dat liket net bot te slagjen, oant Trench mei it echte jild ferskynt nei't er op 'e hacienda ôfsprutsen hat mei Earl-en-dy. Hy blaast de auto mei it jild op, wat it startsein is foar in grutte sjitpartij tusken Papi Greco en syn trewanten, Quince en syn mannen, Earl-en-dy en Trench en Stig. Wylst de trije groepen fijannen inoar ôfmeitsje, flechtsje Trench en Stig de stâlen fan 'e hacienda yn, dêr't him úteinlik in Mexican standoff ûntjout, wêrby't Stig Earl ûnder skot hâldt, wylst Earl Trench ûnder skot hâldt, Trench Quince ûnder skot hâldt en Quince Stig ûnder skot hâldt. De ympasse einiget as Trench en Stig beslute om inoar te fertrouwen: se sjitte tagelyk en deadzje sa Earl en Quince. Neitiid spoare se in ferwûne Papi Greco op en sjitte him ek dea. Dêrnei spylje se fan rutens, mar net foar't Trench Stig yn 'e skonk sketten hat as ferjilding foar de skotwûne yn syn skouder.

 
Denzel Washington.
 
Mark Wahlberg.
 
Paula Patton.

Under de ympasse yn 'e stâlen hie Earl derút blaft dat de CIA noch tweintich oare geheime banken hat foar it opslaan fan it jild dat se fan 'e Meksikaanske drugskartels krije, dat Trench en Stig beslute om ris te sjen hoe't se de ynljochtingetsjinst noch mear jild ôfhandich meitsje en sa de swarte operaasjes sabotearje kinne. Wylst se oan in taffeltsje yn in kafetaria in oare lytse bank yn it grinsgebiet observearje, bychtet Trench op dat er net de hiele $43 miljoen yn 'e auto stoppe hie dy't er opblaasd hat.

Rolferdieling bewurkje seksje

haadrollen
personaazje                                       akteur/aktrise
DEA-agint Bobby Trench Denzel Washington
ONI-agint Michael "Stig" Stigman Mark Wahlberg


byrollen
personaazje akteur/aktrise
DEA-aginte Deb Rees Paula Patton
Manny "Papi" Greco Edward James Olmos
CIA-agint Earl Bill Paxton
luitenant-op-see 1e klasse Harold Quince James Marsden
DEA-agint Jessup Robert John Burke
skout-by-nacht Tuwey Fred Ward
dokter Ken Patrick Fischler
Rudy Edgar Arreola

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

2 Guns waard regissearre troch de Iislânske filmmakker Baltasar Kormákur nei in senario fan Blake Masters. Dat wie basearre op 'e stripsearje 2 Guns, fan Steven Grant en Mateus Santolouco, mar de Britske krante The Observer murk op dat der ek gâns oerienkomsten binne tusken de film en in eardere film, de skriller Charley Varrick, út 1973. De beide films hawwe ferlykbere plots en yn beide gefallen stiet de bank dy't berôve wurdt yn in plak dat Tres Cruces hjit.

As produsinten wiene Marc Platt, Randall Emmett, Norton Herrick, Adam Siegel, George Furla, Ross Richie en Andrew Cosby by it projekt belutsen foar de filmstudio's Marc Platt Productions, Emmett/Furla Films, Envision Entertainment, Herrick Entertainment en Boom! Studios. Foar de film wie in budget beskikber fan $61 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Oliver Wood, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Clinton Shorter. De opnamen fûnen plak yn New Orleans, yn 'e Amerikaanske steat Louisiana, en op ferskate plakken yn Nij-Meksiko.

Yn 2 Guns wurke akteur Mark Wahlberg foar de twadde kear gear mei regisseur Baltasar Kormákur, nei de film Contraband, út 2012. It wie ek de twadde kear dat Denzel Washington en Paula Patton yn in film in stel foarmen, nei Déjà Vu, út 2006.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan 2 Guns waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Universal Pictures en dêrbûten troch Sony Pictures Releasing fia TriStar Pictures en Stage 6 Films. De film gie op 30 july 2013 yn New York yn premiêre en iepene dêrnei op 2 augustus fan dat jier yn 'e Amerikaanske bioskopen.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige 2 Guns mingde resinsjes. Peter Bradshaw fan 'e Britske krante The Guardian joech de film 2 fan 5 stjerren. Sawol Peter Travers, fan it tydskrift Rolling Stone, as R. Kurt Osenlund fan Slant Magazine parten de film 2 fan 4 stjerren ta. Osenlund tekene dêrby oan: "It is opfallend en nuver dat 2 Guns sydlings sosjaal-politike opmerkings makket, mar net de wil hat om dêr wat provosearjends mei te dwaan." Yn 'e Denver Post krige de film fan Lisa Kennedy 3 fan 4 stjerren. Hja skreau: "De grutste wapens dêr't dizze aksjefilm mei swaait, binne filmstjerren Denzel Washington en Mark Wahlberg, dy't tige ferskillende aktearstilen hawwe dy't ferrassend goed opinoar oanslute."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie 2 Guns in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 64%, basearre op 187 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't er formulemjittich fan opbou en gauris steurend gewelddiedich is, stipet de âlderwetske oantrekkingskrêft fan [de film] op 'e ynterpersoanlike omgong tusken syn garismatyske stjerren, dy't goed oaninoar weage binne." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle 2 Guns in goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 43 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

2 Guns brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $75,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $56,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $131,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $61 miljoen betsjut dat in winst fan $70,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.