AEBN (koart foar: Adult Entertainment Broadcast Network; frij fertaald: "Pornografysk Omrop Netwurk") is in Amerikaansk bedriuw op it mêd fan ynternetpornografy. Fan oarsprong, en noch altyd benammen, leit it him ta op it fersoargjen fan streaming video tsjin betelling yn in video-on-demandtsjinst. AEBN is fêstige yn Charlotte, yn 'e Amerikaanske steat Noard-Karolina, en waard yn 1999 oprjochte. It bedriuw biedt mear as 100.000 pornofilms oan fan teminsten 1.500 ûnderskate filmstudio's, en hie yn 2011 wrâldwiid mear as 10 miljoen abonnearden. Dochterûndernimmings fan AEBN binne û.m. PornoTube, NakedSword.com, Raging Stallion Studios, Xobile en xPeeps.com.

AEBN
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor ynternetpornografy
haadkertier Charlotte (Noard-Karolina)
oprjochte 1999
offisjele webside
aebn.net

Bedriuw bewurkje seksje

AEBN waard oprjochte yn 1999, doe't video-streamingtechnology noch yn 'e berneskuon stie. It bedriuw ûntwikkele in eigen pornografyske video-on-demandtsjinst dy't no rûnom as model tsjinnet foar oare produktleveringssystemen fan 'e pornoyndustry. Fierders is it beteljen per minút, in ynnovaasje fan AEBN, no standert yn 'e hiele ynternetpornografy. Sûnt 2004 is it systeem fan AEBN ek yn oare talen as it Ingelsk beskikber.

Filmstudio en oare oankeapen bewurkje seksje

Yn jannewaris 2007 kundige AEBN de oernamme oan fan NakedSword.com, ien fan 'e grutste ynternetbedriuwen op it mêd fan homoseksuële pornografy. Behalven it besit fan 'e sterke merknamme NakedSword, skonk dy oername AEBN ek in moaie ynstruier yn 'e foarm fan 'e rjochten op films fan studio's as COLT en Falcon Studios. NakedSword behold in eigen haadkantoar yn San Francisco, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, wat AEBN, mei it eigen haadkantoar yn Charlotte, yn Noard-Karolina, in foet oan 'e grûn joech oan sawol de Amerikaanske eastkust as de Amerikaanske westkust.

AEBN naam yn 2009 in oar bedriuw op it mêd fan homoseksuële pornografy oer, Raging Stallion Studios, it susterlabel Pistol Media ynbegrepen. Dy oername omfette ek Gunzblazing, in dochterûndernimming fan Pistol Media. Raging Stallion Studios, ien fan wrâlds grutste produsinten fan homoseksuële pornofilms, behold ek in eigen haadkantoar yn San Francisco. Mids desimber 2010 kocht AEBN fierders foar in net bekendmakke bedrach Falcon Studios oan. Dat bedriuw gie neitiid organisatoarysk op yn Raging Stallion Studios, hoewol't AEBN de merknamme Falcon Studios behold as in soarte fan ymprint. De produksje feroare neat oan, dat ek neitiid kamen der jiers 60 titels út fan Falcon Studios en 40 fan Raging Stallion.

Oare aktiviteiten bewurkje seksje

Yn april 2005 sette AEBN útein mei Xobile, in ûndernimming dy't pornografysk materiaal beskikber makke op mobile tillefoanen en oare mobile apparaten. Xobile stie bekend om syn kampanje PornMyPortable ("PornofisearjeMynMobyl"), dy't pornografysk materiaal oanbea dat spesifyk bedoeld wie foar mobile apparaten as de iPod en de PSP fan Sony. Yn maart 2010 kundige AEBN de yngebrûkname fan in folslein fernijd Xobile-platfoarm oan.

Begjin 2006 starte AEBN xPeeps.com op, in seksdatingsite foar boppe de achttjin dy't yn 'e earste acht moannen fan syn bestean mear as 300.000 brûkers garre. Yn 2007 folge mei SocialKink.com in twadde datingsite fan AEBN, dy't fierhinne itselde wie as xPeeps.com, mar taspitst wie op lju mei in fetysj.

Yn 2008 ûntwikkele AEBN in produkt dat RealTouch neamd waard. It wie in teledildoanyske skie tarist mei rimen, streamingsmeganismen foar glydmiddel, ferwaarmingseleminten en oare technologyske snufkes, dy't oer de penis hinne past en gefoel syngronisearret mei bylden yn in ynternetfideo. Meiwurkers fan AEBN demonstrearren it apparaat op it AVN Adult Entertainment Expo fan 2009 yn Las Vegas, wêrnei't it yn novimber fan dat jier op 'e merk brocht waard. Yn desimber 2008 waard de ferneamde pornoaktrise Lisa Ann oanlutsen om as wurdfierster foar RealTouch op te treden.

Prizen bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side AEBN Award.

Yn 2005 stelde AEBN in eigen groep prizen yn, de AEBN Awards, of eins de AEBN VOD Awards. Dy wurde sûnt 2006 elts jier útrikt oan pornofilms, pornoakteurs en pornografyske filmstudio's op basis fan it totale tal sjochminuten fan 'e klanten fan 'e video-on-demandtsjinst (VOD) fan AEBN yn it foargeande jier. De kategoryen fan 'e AEBN Awards berinne it spektrum fan aktrise fan it jier, bêste nijynkommelinge en bêste film oant prizen foar amateurpornografy, BDSM, lesbyske pornografy, en transseksuële pornografy.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.