Aage Vening Meinesz (Malang, 19 juny 1942De Haach, 31 oktober 1985) wie in Nederlânske masterkreaker, dy't bekend waard ûnder de namme Aage M..

Aage Meinesz
Aage M. yn 1976.
Aage M. yn 1976.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Aage Vening Meinesz
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 19 juny 1942
berteplak Malang (Nederlânsk-Ynje)
stoarn 31 oktober 1985
stjerplak De Haach
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
berop/amt ferskaat
aktyf as bankrôver
jierren aktyf 1960-er/1970-er jierren

Yn Nederlân krige eins mar ien bankrôver ea de rom by it grutte publyk: Aage Meinesz, alias de Masterkreaker. In bynamme dy't er foar syn masterlike tige goed tarette berôvingen krige. Aage wie in sjarmante ferskining dy't syn ferhaal moai bringe koe. As ark brûkte er faak syn legindarysk wurden termyske lâns. In apparaat besteande út in buis fold mei stêven magnesium dêr't soerstof trochhinne parse wurdt. Troch ûntstekking ûntstiet in flam fan 3500 graden dy't troch beton en it tsjokste metaal brânt. Begjin jierren 70 die er syn grutste kreak ea. Dy helle alle Nederlânske kranten. Ut de klûs fan de Nederlânske Middenstâns Bank yn Helmond stiel Aage 600.000 gûne. De partikuliere sparklûskes liet er bewust gewurde. Yn 1973 wurdt Aage oanholden en feroardiele ta 4,5 jier sel yn de Blokhûspoarte, de straffinzenis yn Ljouwert. Op yngenieuze wize wit er dêr te ûntkommen om fjouwer moannen letter wer oppakt te wurden. As syn finzenisstraf der úteinlik opsit, stiet de hiele Nederlânske parse by de finzenispoarte foar foto’s en kwotes. Aage waard frege oft it dreechwie om sa spektakulêr út de finzenis yn Ljouwert te ûntsnappen. Dêrop andere er nonsjalant: "In bankklûs kreakje kostet ek muoite, ik haw dy kapasiteiten no ienkear."

Aage Meinesz wie fan goede komôf mei in oerpake dy't boargemaster fan Rotterdam en Amsterdam wie (Sjoerd Vening Meinesz) en in âldomke (Felix Vening Meinesz) dy't in bekende heechlearaar yn de geofysika wie. Fan memmekant wie er fan Ynjeske komôf. Aage wenne it grutste diel fan syn wurksum libben yn Utert.

Hy hie in djoere libbensstyl, dêr't in slompe jild foar nedich wie. Yn de misdie wie er derop tsjin om geweld te brûken. Hy hold leaver op mei ynbrekken as in beweitser oanfalle te moatten. Hy krige syn bynamme de Masterkreaker om syn feardigens mei de termyske lâns dêr't er in rige bankrôven mei die. Troch it grutte oantal kreaken en de geweldleazens dêr't er soks mei die krigen de dieden fan Aage in eigen styl, binnen it kriminele sirkwy. Letter fertelde er op de telefyzje, by Willem Duys, oer syn dieden.

Yn 1976 ferskynde syn autobiografysk boek Mijn nachten met de thermische lans.

Meinesz hat ien kear troud west en krige út dat houlik ien dochter en ien soan: Conny (ferneamd nei syn fermoarde mem) en Jelle (ferneamd nei syn heit). Dêrnei hat er by ferskillende freondinnen noch twa soannen krigen en in dochter. Yn 1985 stoar Aage Vening Meinesz op 43 jierrige leeftiid oan termkanker. Hy waard begroeven yn De Haach. It grêf is ûnderwylst romme.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: